Definsje leit twa wetterputten op Skylge oan

© Gemeente Terschelling
Dizze wike leit Definsje twa nije wetterputten oan op Skylge. Dat is nedich om de brânwacht by in natuerbrân fan genôch wetter te foarsjen.
No brûkt de brânwacht by in natuerbrân faak wetter út in natuerlik plak, bygelyks in lyts mar op it eilân. Somtiden kin dat net en yn dat gefal is wetter út in wetterput nedich.
Ut ûndersyk fan Staatsbosbeheer en de brânwacht die bliken dat der, troch tanimmende drûchte op it eilân, net genôch natuerlike plakken binne.
Dêrom wiene der ekstra wetterputten nedich. Dy komme op West-Skylge en by Aasterein. De wurksumheden wurde dizze wike útfierd om't it team fan Definsje dat ferantwurdlik is foar de útfiering al op it eilân is foar in oefening fan de Veiligheidsregio.
It is de bedoeling dat de wetterputten freed klear binne.