Soargen oer kosten nij swimbad Drachten: "It moat gjin wiete Lawei wurde"

It nije swimbad komt oan de Sportleane yn Drachten © Omrop Fryslân
Der binne yn de ried fan Smellingerlân grutte soargen oer de nijbou fan swimbad De Welle yn Drachten. It nije swimbad fan Olympyske ôfmjittings moat oer twa jier klear wêze.
De kosten wurde rûsd op goed 30 miljoen euro, mar ferskate partijen yn de Ried fan Smellingerlân binne benaud dat it projekt noch djoerder wurde sil yn dizze tiid fan hege ynflaasje en krapte oan boumaterialen. Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP fynt dêrom dat de gemeenteried no yngripe moat om foar te kommen dat de Welle in 'wiete Lawei' wurdt, in projekt dat miljoenen djoerder wurdt as begrutte.
De ELP wol dat de gemeenteried yngrypt:
"As it projekt djoerder wurdt, is it ús taak om it projekt te fersoberjen, sadat we binnen de begrutting bliuwe", seit De Vries. "We moatte foarkomme dat we de boargers fan de gemeente opsealje mei in noch grutter eksploitaasjetekoart."

40 euro de ynwenner

Dat tekoart is besifere op 1,8 miljoen euro yn it jier. Neffens De Vries komt dat del op 'elts jier op 'e nij 40 euro foar eltse ynwenner'. "Dat bedrach moat perfoarst net heger wurde."
De Vries sjocht kritysk nei de begrutting fan b. en w. foar it nije swimbad. Hy is benaud dat it tal takomstige besikers te posityf foarspegele wurdt, wêrtroch't takomstige lesten noch fierder oprinne kinne. "It is saak dat wy as ried op ús tellen passe, want wy binne ferantwurdlik foar it budzjet."
De Vries wiist derop dat de plannen foar it nije swimbad yn 'e rin fan de tiid útwreide binne mei twa ekstra banen, om it swimbad olympyske ôfmjittings te jaan. "Dat hie foar ús net hoegd en foar guon oare partijen ek net. As dat helpt om it bad goedkeaper te meitsjen, meie dy ekstra banen der fan my wol wer ôf."

"Net tsjin eltse priis"

Fraksjefoarsitter Tjebbe van der Meer fan it CDA yn Smellingerlân dielt de soargen fan kollega-riedslid Yntze de Vries. "We wolle in moai swimbad, mar net tsjin eltse priis", seit hy. "It moat wol betelber bliuwe. As it projekt bot oer de begrutting hinne giet, dan moatte we alle opsjes ûndersykje om de kosten te beheinen, ek it fersoberjen fan it projekt."
Van der Meer wiist derop dat it djoere swimbad gjin typysk Drachtster probleem is. "It is in yngewikkelde tiid. Oeral wurde grutte projekten djoerder."
De gemeenteried fan Smellingerlân praat tiisdeitejûn oer fiif grutte projekten. Njonken it Drachtster swimbad giet it om Aldegea oan it wetter, de nijbou fan in nije skoalle foar spesjaal ûnderwiis en de útwreiding fan wenweinsteanplakken.
By al dizze projekten kin neffens it kolleezje fan b. en w. praat wurde oer finansjele risiko's. Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier woe foar de riedsgearkomste neat sizze oer de finansjele risiko's fan it nije swimbad en de oare grutte projekten yn de gemeente.