Ljouwerter Hydraloop wol mei ynvestearringen ynternasjonale ambysjes wiermeitsje

In kantoarromte fan Hydraloop yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It Ljouwerter bedriuw Hydraloop krijt finansjele stipe fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM) foar har ynternasjonale ambysjes. It bedriuw makket produkten dy't wetter recycleje.
It giet om produkten dy't yn hûzen en gebouwen pleatst wurde kinne. Dêrmei wurdt wetter dat brûkt wurdt foar dûsen of it waskjen fan de hannen net fuortspield, mar opfongen. It wurdt dan desynfektearre en kin dêrnei nochris brûkt wurde foar it trochspielen fan it húske of yn de waskmasine.
Neffens Sabine Stuiver fan Hydraloop is effisjinter omgean mei wetter wichtich, om't der oeral op de wrâld hieltyd mear soargen binne oer skjin drinkwetter. "Waterschaarste is een wereldwijd probleem, niet alleen in Nederland, maar ook internationaal."
In apparaat fan Hydraloop © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
"We zijn pas net begonnen, en mensen die graag water willen besparen kunnen dat nu al doen", seit Stuiver. It produkt wurdt hieltyd grutskaliger ynset. "In Blitsaerd in Leeuwarden worden 41 woningen opgeleverd, allemaal waterbesparend, met een Hydraloop erin."

Ynvestearring

NOM ynvestearret no twa miljoen euro yn it bedriuw. "Die investering loopt vooruit en maakt deel uit van een investeringsronde die we volgend jaar gaan doen." De ynvestearringen moatte helpe om ynternasjonaal foet oan de grûn te krijen.
It jild moat ûnder oaren brûkt wurde om yn oare lannen produksjelokaasjes op te setten, seit Stuiver. "We produceren op dit moment nog alles in Emmen. We willen meer op andere locaties gaan produceren."
Dat bestjut net dat it hjoeddeiske fabryk yn Emmen net mear nedich wêze sil. De basis fan alle produkten wurdt noch hieltyd yn Emmen makke, fertelt Stuiver. Tenei soenen se dan ôfmakke wurde kinne yn it bûtenlân.