Mei in heakkekrússhirt troch it sintrum fan Harns: 350 euro boete

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In 23-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is by de rjochtbank yn Ljouwert by ferstek feroardiele foar it dragen fan in T-shirt mei ûnder mear in heakkekrús. De Feanster waard op 16 april oppakt troch de plysje doe't hy mei dat shirt troch it sintrum fan Harns rûn.
Neffens de offisier fan justysje is der sprake fan diskriminaasje en groepsmislediging. Benammen ek om't it giet om in shirt mei dêrop it heakkekrús en de wurden 'white power'. Yn in ferklearring by de plysje hat de fertochte oanjûn it in 'moai' shirt te finen.
De offisier easke in boete fan 350 euro. De rjochter gie dêryn mei. It shirt dat hy oan hie en ek noch in oar shirt binne yn beslach nommen. De Feanster krijt dy net werom.