Yllegale boarrings feroarsaakje lekkaazje by Leppa-akwadukt by Akkrum

It Leppa-akwadukt út de loft wei © ANP
Yllegale boarrings troch it Rotterdamske bedriuw Selecta Infratechniek hawwe in lekkaazje feroarsake by it Leppa-akwadukt by de A32 by Akkrum. It gie mis doe't it bedriuw ferline jier desimber dwaande wie mei de oanlis fan glêsfezelkabels.
Dêrby hawwe meiwurkers fan it bedriuw by de paralleldyk del gatten yn de foly boarre dy't it grûnwetter tsjinhâlde moat. Rykswettersteat tocht yn earste ynstânsje dat it gie om lekkaazje fan it akwadukt sels, mar dat wie dus net it gefal.
Der binne spesjalisten ynskeakele om it lek te finen:

Gjin fergunning

Efterôf die bliken dat it bedriuw hielendal gjin fergunning foar de boarringen hie. Selecta hie der wol ien oanfrege, mar dy oanfraach wie net kompleet. "Wy hawwe se doe yn jannewaris al oanspraaklik steld en we binne yn petear mei harren fersekerder", seit Anghela Lolkama fan Rykswettersteat.
De skea kin wolris aardich grut wêze. "Der sitte fjouwer gatten yn de foly en dy sitte djip ûnder it sân. Hoe silst dat oplosse? Dat kin in hiele djoere, technyske oplossing wurde", stelt Lolkama.

Pompen

De dykbehearder hat spesjalisten fan boaiemûndersyksbedriuw Fugro ynskeakele om it lek te finen. De paralleldyk wurdt in soad brûkt troch ûnder oare skoalbern. Om derfoar te soargjen dat de dyk te beriden bliuwt, set Rykswettersteat pompen yn. "We komme no yn de ferkearde tiid, mar we litte it net barre dat der wetter op de dyk komt en dat it befriest."
Selecta Infratechniek wie net beskikber foar kommentaar.