Ljouwerter fuotbalklup Blau Wyt '34 siket tsjûgen fan fjochtpartij

In skiedsrjochter mei in reade kaart yn de hân © Shutterstock
Fuotbalklup Blau Wyt '34 siket tsjûgen fan de fjochtpartij tusken spilers fan it twadde alvetal fan de Ljouwerter klup en PKC'83 út Grins. Ofrûne sneon rûn it duel folslein út de hân: spilers gienen mei elkoar op de fûst en de skiedsrjochter dielde fiif reade kaarten út.
De plysje moast sels ynset wurde om de rêst werom te bringen. De kwestje leit no foar by de oankleier fan de KNVB. Dy hat in protte ferklearringen fan belutsenen en tsjûgen nedich.
It bestjoer fan Blau Wyt ropt eltsenien dy't wat fan it ynsidint sjoen hat op in ferklearring op te stellen, sadat de KNVB ta in goed oardiel komme kin.
Om't de fjochtpartij in protte ympakt op leden fan de klup hân hat, organisearret Blau Wyt woansdei in ynrinjûn sadat leden harren ferhaal dwaan kinne of fragen stelle kinne.