Wetterskip wol mei de mienskip yn petear oer in klimaatbestindich Fryslân

Fan drûchte oant wetteroelêst: der stiet ús hiel wat te wachtsjen © Kappers Media
Wetterskip Fryslân giet de kommende tiid mei Friezen, ûndernimmers en organisaasjes yn petear oer in klimaatbestindige takomst. Dêrfoar steane seis 'gebietspetearen' op de planning.
It klimaat feroaret: perioaden mei in soad rein wurde ôfwiksele troch ekstreme drûchte. Dat freget om in nije oanpak en oanpassings fan it wetter- en boaiembehear.

'Ympakt op de libbensomjouwing'

De provinsje en Wetterskip Fryslân wolle no witte wat de ynwenners fan Fryslân sels yn har deistich bestean fan de gefolgen fan dizze klimaatferoarings merke. Dêrta wurde de kommende tiid praatjûnen hâlden mei boargers, ûndernimmers en organisaasjes.
It earste petear hat tiisdei plak yn Surhústerfean. Dêrnei folgje Holwert, Winsum, Akkrum, Wâldsein en Donkerbroek noch. Op de petearjûnen moat it gean oer de gefolgen en útdagingen fan de klimaatferoaring foar Fryslân.
"Minsken witte sels wat der by harren yn it gebiet spilet", seit Frank Jorna fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. "De oanpak sil ympakt op de libbensomjouwing fan de mienskip hawwe. De minsken sille dêr sels ek gedachten oer hawwe. Dêr wolle wy oer yn petear."
It kin gean om ynsjoggen op de ynrjochting fan de provinsje oant oanpassingen yn it wetterbehear.

Jierren foarút

De petearen moatte liede ta in oanpak dy't jierren mei kin. "By it Wetterskip dogge we ynvestearrings foar in lange tiid. Dêrom wolle we no ta nei in fisy wêrmei't we 50 jier foarút kinne. We moatte dêrby rekken hâlde mei de klimaatferoarings", seit Jorna.
De útkomsten fan de jûnen wurde meinaam yn de fisy op wetter- en boaiembehear dêr't Wetterskip Fryslân yn 'e mande mei de provinsje oan wurket. It úteinlike doel is in klimaatbestindich Fryslân yn 2050.