Europarlemintariërs harkje nei jonge boeren: "Se begriepen dat it penibel wurdt"

Eke Folkerts fan it NAJK, it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
In goede 15 oant 20 Europarlemintariërs hawwe moandei harke nei it ferhaal fan in groep jonge boeren út Nederlân en België, dy't noed hat oer har takomst. De groep pleitet foar in 'young farmers check', wêryn't sjoen wurdt nei it effekt fan it belied op jonge boeren.
De jonge boeren hienen 250 parlemintariërs útnûge. Dat dêrfan mar in lyts part yn petear gie mei de groep, foel Eke Folkerts fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt (NAJK) net ôf. "It foel ús bot ta. It wie striemin waar en dy 250 wienen lang net allegear yn Brussel."

In sinjaal ôfjaan

De demonstraasje waard holden fanwege de Europeeske Ried dy't moandei byinoar kaam. Yn dy ried sitte alle ministers fan Lânbou en Fiskerij út de Europeeske lannen. De ried praat oer de foarstellen fan de Europeeske Kommisje.
De boeren woenen in sinjaal ôfjaan dat der by it bepalen fan it belied ek rekken holden wurde moat mei it belang fan jonge boeren. "Dat hawwe wy goed fertelle kind", seit Folkerts. "De parlemintariërs ha lang by ús west. Se begriepen wol dat it hiel penibel wurdt foar de agraryske sektor. Der wie wol each foar dat it sa net kin."
Neffens Folkerts komt der grif in ferfolch op de petearen fan moandei. De jonge boeren sille de young farmers check fierder útwurkje en se wolle dy mei presintaasjes mear ûnder de oandacht bringe.