Dollende dassen soargje foar flink wat skea oan begraafplak Donkerbroek

De dassen grave sels ûnder de grêven © Omrop Fryslân
It begraafplak fan Donkerbroek is skeind troch in groep dassen. Sy grave gatten by grêven en yn it gers. Dat kostet in soad jild, wat der hieltyd minder is.
De bisten komme nei alle gedachten út in boskje, dat efter de njonkenlizzende greide leit. "No groeit der gers oerhinne, mar simmerdeis sjochst de spoaren derhinne rinnen", seit tsjerkerintmaster Gerke van der Meulen.
"Wy geane der fanút dat de dassen dêr har boarch hawwe. Dan komme se hjir om bygelyks spekrûpen te sykjen. Troch de drûchte sitte dy djipper as gebrûklik, wêrtroch't de dassen de seadden flink omwrotte."
'De gatten binne sa grut dat der yn earm yn kin':
"It feroarsaket in gigantyske oerlêst. De seadde leit los, dat moat op 'e nij ynsiedde wurde", fersuchtet Van der Meulen. "Je wolle dat de minsken dy't hjir komme in netsjes begraafplak sjogge. Dat moat net in rommeltsje wurde. Je wolle it mei respekt behannelje."
Der is ynvestearre yn skriktried om it begraafplak hinne. "Sa komme de dassen minder maklik it terrein op. Dy ynstallaasje kostet 400 euro. Dat is foar ús as begraafplak in flinke kostepost. En dêr komt dus noch it op 'e nij ynsiedzjen fan de grûn by."

Finansjeel ûngemak

"Wy krije allinnich mar ynkomsten út de ferkeap en de ferlinging fan grêfrjochten. Der wurde minder minsken begroeven as yn it ferline. Dat jout wol oan dat wy op in gegeven stuit finansjele problemen krije om it begraafplak yn stân te hâlden sa't wy dat graach wolle."
Dêrmei is de skea fan de dassen in lyts ûnderdiel fan in grutter wurdend probleem foar begraafplakken, seit Van der Meulen.
"Wy tarre yn wat dat oanbelanget. As je sokke begraafplakken yn stân hâlde wolle, dan moatte je oare wizen fine om dat te dwaan. Mar hoe, dat kin ik ek net sa ien, twa, trije betinke. As je fûnsen oanskriuwe kinne dêr't je ditsoarte problemen mei finansierje kinne, soe dat in moaie oplossing foar ús wêze."