Marit Bouwmeester makket yn oktober har rentree nei it kreamferlof

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester makket fiif moannen nei har befalling har rentree yn it silen. Yn oktober komt sy yn aksje op it WK yn de olympyske Laser-klasse yn de Feriene Steaten.
De 34-jierrige Bouwmeester komt fan Warten. Sy en har partner Diederick Rembrandt krigen yn maaie in dochter, Jessie Mae.
Bouwmeester hat frij fluch nei de befalling it trainen al wer oppakt, mei help fan coach Jaap Zielhuis. Hy sil har stypje oant it WK yn Kemah. Foar Bouwmeester is dit toernoai in moai begjin oan de tarieding op de Olympyske Spelen fan 2024, sa lit har team witte.
Team Allianz is mei fjouwer sylsters op it WK, dat fan 11 oant en mei 16 oktober is.
Bouwmeester hat al fjouwer kear de titel fan wrâldkampioen helle yn de Laser. Yn 2016 pakte sy in gouden medalje op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Ferline jier yn Tokio wie brûns har einresultaat. De Spelen fan 2024 binne foar it silen by Marseille.