Bakkers benaud dat se aanst har eigen brea net mear fertsjinje kinne

© RTV NOF
Ek Fryske bakkers komme yn 'e knipe troch de hege enerzjyprizen. Har ambacht freget in soad gas en stroom, mar troch de oarloch yn Oekraïne is dat hieltyd dreger te beteljen.
Wander Schotanus fan Twizelerheide hoecht noch mar in pear jier oant syn pensjoen, mar as de hege enerzjyrekkens trochsette kin dat wolris earder folgje as tocht.
"It is gewoan sa dreech, dat je dy oanslaggen krije dy't je mar betelje moatte", seit er. "Je hawwe hielendal gjin sizzenskip oer wêrom't it no sa djoer moat, yn sa'n skoftke tiid."
Bakker Schotanus wol ek net hieltyd wer de prizen fan syn bôle ferheegje. Klanten hawwe ek minder te besteegjen, sa konkludearret er.
De fraach is hoe rendabel it is. "As it sa bliuwt sa't it no is, dan sjoch ik op 1 jannewaris takom jier oft wy noch trochgean kinne." Schotanus is al goed 40 jier bakker. "Ik wol eins noch wol in bytsje genietsje, want dêr haw ik myn hiele libben lang foar wurke. Dat fret oan my. Hâld ik noch wat oer? Of wurdt it earmoed?"