Europeeske dei fan de lytse talen: "Jawis bestiet it Frysk oer hûndert jier noch"

Op de 'Europeeske dei fan de lytse talen' besiket Omrop Fryslân in tuskenbalâns op te meitsjen. We lizze ûndersiker Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy fiif fragen foar oer de stân fan saken fan it Frysk. It Europeesk buro foar lytse talen (EBLT), ôfdieling Nederlân, fiert dizze dei mei in programma yn Tresoar.
Jelske Dijkstra wit wat it is om mei meardere talen te krijen te hawwen. Yn Menaam groeide se op yn in folslein Frysktalich fermidden, op in Nederlânsktalich buorjonkje nei. Se praat op har wurk op de Fryske Akademy Frysk en ek mei har bern thús.
Har partner is de Biltsktalige dichter en sjonger Hein Jaap Hilarides dy't Biltsk praat tsjin de bern. It dochterke fan 6 jier praat Frysk werom tsjin mem Jelske en Biltsk tsjin har heit. It soantsje is pas fiif moanne âld, dat dy praat noch net.
Is it in ferriking dat jonge bern meardere talen oanleare of soarget it foar betizing by bern dy't net sa taalfeardich binne?
"As de kwaliteit en taalrykdom fan de talen om ien hinne goed binne, kinst maklik meartalich wurde. Foar myn ûndersyk nei meartaligens by pjutten, haw ik njoggentich pjutten oardel jier lang folge. Op ferskate mominten haw ik de wurdskat fan it Frysk en Nederlânsk 'metten' by de bern. Bliken docht dat it oanlearen fan it Frysk it Nederlânsk net yn it paad sit."
Mar de kwaliteit fan it Frysk nimt ôf.
"Taal is altyd yn beweging. Oft it in fermindering is, is mar krekt hoe'tst dernei sjochst. It omdraaien fan de tiidwurden bygelyks komt fan taalkontakten mei it Nederlânsk. Ik fyn it nijsgjirrich hoe't dat fenomeen giet. It is in ferearming dat guon wurden ferdwine, mar dat is hoe't in taal him ûntwikkelet. Dêr is wol wat tsjin te dwaan, mei ûnderwiis of kursussen. De provinsje is dwaande mei in nij Taalplan 2030. Dêr stean ambisjeuze doelstellings yn."
Jo binne posityf oer de stân fan saken fan it Frysk en it aktiver brûken fan de taal?
"Ja. It Frysk wurdt no op folle mear yn oare terreinen brûkt. Op Whatsapp, mar kinst no ek mei it Frysk yn it sikehûs by de dokter telâne. Tsientallen jierren ferlyn doarden jo dat suver net. Yn dy sin giet it Frysk foarút."
Mar it lêzen en skriuwen wurdt wol minder.
"Yn Frysk praten en begripen binne de persintaazjes reedlik gelyk bleaun. It lêzen en skriuwen giet wol wat achterút, al sjoch ik yn it nijste ûndersyk ek wol wer in foarútgong kwa skriuwen. Mar dêrby is net sjoen nei de kwaliteit fan it Frysk skriuwen."
Bestiet it Frysk oer hûndert jier noch as libjende taal?
"Jawis. Fan elk bern dat no mei in Fryske berte-advertinsje yn de krante komt, meist ferwachtsje dat dat ek yn it Frysk grutbrocht wurdt. As dat bern 80 of 100 jier wurdt, bestiet de taal seker noch hûndert jier."