Kabinet wol mear konkurrinsje op it spoar en sjocht ek nei Ljouwert-Zwolle

Op dit stuit rydt de NS allinne fia it suden de provinsje út © ANP
De steatssekretaris fan Ynfrastruktuer is fan doel om mear konkurrinsje op it spoar ta te litten. De spoarline tusken Ljouwert en Zwolle soe dêr mooglik ek geskikt foar wêze.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen wol ûndersykje oft mear regionale spoarlinen iepensteld wurde kinne foar konkurrinten fan de NS. Heijnen wol ek mear partijen talitte om op it saneamde 'haadrailnet' te riden.
Dêr falt ek de line Ljouwert-Zwolle ûnder, dêr't de NS dus no noch as iennige it rjocht hat om mei de trein te riden. Njonken dizze line wurde ek de linen Grins-Zwolle en Apeldoorn-Enschede ûndersocht.
It fakbûn FNV is der lykwols poer op tsjin en neamt it in 'deastek' foar it iepenbier ferfier. FNV Spoar is benaud dat it treinkaartsjes djoerder en arbeidsbetingsten minder makket. As spoarlinen net rendabel genôch binne, soene linen sels skrast wurde kinne.

Nutsfoarsjenning

Henri Janssen fan FNV Spoar wiist op it belang fan it spoarnetwurk as in nutsfoarsjenning. "Als het mis gaat, heb je de overheid nodig. En als die niet meer aan de knoppen zit, kan er ook niet worden bijgestuurd."

FNV benaud foar útholling bûten de Rânestêd

Just it plattelân kin te lijen hawwe fan it liberalisearjen fan de merk, tinkt Janssen. "Marktpartijen kijken waar ze wat bij kunnen verdienen. Als dat niet lukt, zou men verlies gaan lijden. Dan volgt uitholling van het openbaar vervoer, zeker buiten de Randstad."
Henri Janssen fan FNV Spoar © ANP
As der te min reizgers binne, lykas yn de dal-oeren bûten de spits, dan betsjut it ek dat it jild earne oars wei komme moat. "Uit het kaartje", sa ferwachtet Janssen. En foar de meiwurkers jildt dat yn de regel de arbeidsbetingsten en -omstannichheden by merkpartijen minder binne.
Henri Janssen fan FNV Spoar
FNV ropt dêrom Twadde Keamerleden op om har tsjin de plannen út te sprekken. Reizgers en meiwurkers soene der neat mei opsjitte, om't in nije oanbieder in spoarline sa goedkeap mooglik eksploitearje wol.

Arriva fynt krityk mispleatst

Direkteur Anne Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva seit lykwols dat it ferhaal fan de FNV fan gjin kant doocht. Hy kin in glimk net ûnderdrukke as er it ferhaal fan de FNV heart.
"Noch net sa hiel lang lyn, om 2005 hinne, woe de NS alle noardlike, eastlike en súdlike regionale linen noch slute", seit Hettinga. "Under oare Arriva is dêr doe yn sprongen en hat dy linen oppakt. Dus it is ûnsin dat dat de ferliesjaande linen allinne troch de NS riden wurde. De NS woe se just ôfstjitte."
Anne Hettinga fan Arriva © ANP
Hettinga fynt it foarnimmen fan it kabinet just in goede saak. "Dêrmei kin de hoemannichte spoar allinne mar tanimme, yn stee fan ôfnimme."
Arriva skoot ek oan by it oerlis yn Den Haag. "Wy wolle ynbringe dat de ferhalen dy't de wrâld ynslingere wurde gewoan net kloppe. Yn it belang fan de reizger is it nedich dat der konkurrinsje bliuwt. Want dan hâlde partijen inoar skerp. As der mar ien partij yn de merk is, wurdt dy partij sleau. Dat giet te'n koste fan de kwaliteit."
Anne Hettinga fan Arriva
Regionale ferfierders hawwe no in merkoandiel fan sa'n 10 persint, mar wat Hettinga oanbelanget mei dat wol 20 persint wurde. "NS moat de kommende tsien jier gewoan mei de intercitytreinen trochride, mar yn de regionale stoptreinen kinne flink ferbettere wurde."