De ferkeap fan melkfeebedriuwen rint goed troch de hege molkpriis

© ANP
It giet goed mei de ferkeap fan agrarysk fêstgoed, melkfeehâlderijen yn it bysûnder. It liket opmerklik mei it each op de ûnwissens yn de lânbousektor, mar it hat mei de molkpriis te krijen.
Lanlik leit it oantal ferkochte melkfeehâlderijen heger as in jier lyn en it kostet minder tiid om in nije eigener te finen, sa konkludearret makeldersferiening NVM nei in ûndersyk ûnder de leden. NVM meldt 45 ferkochte melkfeebedriuwen yn it earste healjier.
De trochsneed ferkeaptiid leit no op 196 dagen, yn tsjinstelling ta de 285 dagen ferline jier. De priis fan gerslân is mei sa'n fjouwer persint tanaam, oant goed 64.000 euro de bunder.

Molkpriis

Agrarysk makelder Reitze Sybesma kin him fine yn de konklúzjes. Oan it begjin fan it jier woe it goed ferkeapje, seit er. Dat it sa goed giet hat te krijen mei de hege molkpriis en dat boeren dochst trochsette wolle mei harren wurk. "Dat driuwt de fraach nei en de priis fan bedriuwen op."
Sybesma soe it net unyk neame wolle dat it sa goed gie mei de ferkeap. "It giet op en ôf, mar fan 't maitiid woe it tige goed ferkeapje."
Agrarysk makelder Reitze Sybesma
Op de ferkochte pleatsen komme foar in part wer melkfeehâlders. "Foar in part wurde sy as kompleet bedriuw ferkocht, mar sy wurde ek wol ferparte. Somtiden wurdt de buorkerij as wenbuorkerij ferkocht. Dan geane de loadsen plat."
It is wol in útdaging om it finansierjen rûn te krijen by de bank. De banken wolle de groei yn produksje net finansiere, leit Sybesma út. Guon fan de ferkochte pleatsen lizze by Natura2000-gebieten, net allegearre.

Stikstofdúdlikens

It is no wachtsje op dúdlikens hoe't it komt mei de stikstofmaatregels. Op 5 oktober wurdt it einrapport fan stikstofbemiddeler Johan Remkes ferwachte. Sybesma hopet op dúdlikens. "As dat der net is, dan wolle en kinne boeren neat. De earste helte fan it jier gie moai, mar it is spannend hoe't de merk him no ûntwikkeljet."