Stress en VR-brillen helpe Harnzer skoalbern oan bettere skoalprestaasjes

De bus by it Simon Vestdijk © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Stress is net perfoarst ferkeard. As je it ûnder kontrôle krije kin it helpe by it ferbetterjen fan prestaasjes. Dat ynsjoch besiket de kampanje 'Stresskippen scoren beter!' middelbere skoalbern mei te jaan.
Stress kinne je traine. Anna Dora Winius fan game-ûntwikkelder Jamzone is dúdlik yn har ferhaal: "Yn de game dy't de bern hjir dogge ûnderfine sy stress. Sy fernimme dan hoe't dat fielt en ek wat der bart as se efkes rêst nimme."
Winius stiet tusken twa grutte skerms yn op it poadium yn de kantine fan RSG Simon Vestdijk yn Harns. Om har hinne steane twa learlingen mei in VR-bril op en twa controllers yn de hân.
Sy rinne in parkoers en krije dêr opdrachten by: de stress dy't se dêrfan krije kinne se ynsette om har doel te berikken. "Je moatte in soad eksperimintearje om te learen wat foar dy wurket", seit Anna Dora Winius. "Mar ast dat troch hast, kinst krekt lykas sporters dat ynsette om goed te prestearjen."

Hegere hertslach

Dat klinkt makliker as it is. Stress wurdt faak as negatyf sjoen, spanning krekt as mear posityf. It is allinnich itselde, sa seit Winius. "It liif sjocht it as itselde. It giet om de hertslach dy't dan omheech giet. Yn it ferline wie dat om te flechtsjen foar in tiger, no om alles ôf te krijen wat der op de 'to do-listjes' stiet."
Stress kin ombûgd of útskeakele wurde, leare Harnzer learlingen
De measte skoalbern sizze stress te fielen. Benammen foar toetsen op skoalle. "Dan stap ik het gebouw binnen en denk ik, oeh. Heb ik wel goed geleerd?", seit Justin. "Ik haw stress as ik in pear minne sifers krij", seit Jasper.
Foar him wurket stress somtiden ek wol goed: "Ik fiel dan dat ik trochsette moat, in kertierke langer leare." It hat ek in neidiel, fynt Jasper: "Dat ik der dan tefolle oer neitink. Dan bliuwt it hingjen."

Opmerksume dosinten

Op skoalle fernimme se dat de stress by bern tanommen is. "Meisjes zijn dan vaak verdrietig of raken makkelijk overstuur. Bij jongens zie je dat minder maar het zal heus aan de hand zijn", seit dosint Sandra Gerritse.
Stressgame © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Oft it no troch corona komt of troch wat oars. Wy sjogge dat sy der mei dwaande binne", seit ek kollega Rudy Bouma. "Wy hawwe der miskien no wol mear each foar, want wy dogge der mear oan. Wy hawwe nei corona ek mear each foar de bern en dan komme je it mear tsjin."

De sinjalen opmerke

Je kinne dus leare om der wat oan te dwaan, stelt Anne Dora Winius. "It giet der om watst fielst. Swithannen, pineholle, bist skerp en koartôf. Ast dat fernimst, kinst dysels oanleare werom te skeakeljen nei ûntspanning. Of sels om it út te skeakeljen. Dat kin omdatst it fielst. It is foar eltsenien oars. Je moatte in soad traine en eksperimintearje om dêr efter te kommen."

Yn it iepenbier ferfier

De kampanje is mei opset troch ferfiersbedriuw Arriva. "Wy ferfiere in soad skoalbern en studinten", seit Jacob Dijkstra fan de ferfierder. "Wy hawwe sjoen dat de coronapandemy sjen litten hat dat in soad jongelju lêst hawwe fan stress. Wy fine it wichtich dêr wat mei te dwaan. Dêrom dogge wy ek mei."
De stresskampanje giet de kommende wiken noch by in tal skoallen del. De learlingen dy't it bêste mei stress omgean kinne, dogge mei oan in grutte finale yn Ljouwert. Dêr kinne sy in reis nei in ferdivedaasjepark winne.