Frans Lauta van Aysma en syn dochter Miranda binne tenei fan adel

Frans Lauta van Aysma en syn dochter Miranda © André Buwalda
De 76-jierrige Frans Lauta van Aysma en syn dochter Miranda út Apeldoorn gean tenei as 'fan adel' troch it libben. Se krije moandei it adelsdiploma. Dat de Van Aysmas de erkenning krije, is mei te tankjen oan André Buwalda fan Skettens.
Dat ien yn de adelstân erkend wurdt, is in unikum. Earder dit jier waarden de Van Aysmas al erkend troch de Hege Ried fan Adel.
André Buwalda út Skettens ferdjippet him as tsjerkerintmaster al sân jier yn de histoarje fan de famylje Van Aysma: kaptein Schelte van Aysma leit begroeven ûnder de flier fan de tsjerke fan Schettens. Syn helm dy't al iuwen yn de tsjerke bewarre waard, is opnaam yn de Kanon fan de Nederlânske skiednis.
"Dit is in bysûndere en feestlike dei", seit Buwalda. Hy hellet Frans Lauta van Aysma mei de auto op út Apeldoorn en dan ride se tegearre nei Den Haag ta. Dêr wurde se om 16.00 oere ferwachte op it kantoar fan de Hege Ried fan Adel en wurde Frans en yn dochter erkent yn de adelsstân.

Kontakt fia Facebook

Buwalda rekke troch de grêfkelder en de helm yn de tsjerke fan Skettens yn de ban fan de famylje Van Aysma. "Fan it iene kaam it oare. Op in stuit seagen we op Facebook dat der noch minsken libben mei de namme Van Aysma. Dy soene dan mooglik ek rjocht hawwe op de aadlike titel."
André Buwalda (links) en Frans Lauta van Aysma © André Buwalda
Der is stambeamûndersyk en DNA-ûndersyk dien, fertelt Buwalda. "De famylje wie ferbjustere dat se ôfstammen fan de aadlike famylje Van Aysma."

Tankber

Bliken die dat de famylje de titel wol oanfreegje kinnen hie. Buwalda fûn út dat der op in stuit trije bruorren wiene dy't de aadlike titel fuortset hawwe. De heit is dêrnei foar de twadde kear troud is en krige by dy frou ek bern. Blykber is foar dy bern nea in titel oanfrege. Dat kin mei jild te krijen hawwe.
Dat de oare bern gjin titels en gjin jild hiene is op te meitsjen út de boeken, fertelt Buwalda. "Al gau sjochst dat dy bern gewoane beroppen hawwe."
André Buwalda
Frans Lauta van Aysma wol leaver jonkhear wurde as dat er in smite jild kriget, sa hat er oan Buwalda ferteld. Buwalda en dy hawwe doe besletten om it dochs noch besykje te regeljen dat er offisjeel fan adel wurdt. "Ik bin tankber dat it slagge is. Wy hawwe in bân mei dy man. Moai datst ien helpe kinst, ek fan de tsjerke út. Hy is der hiel wiis mei."
Frans Lauta van Aysma
"Het voelt heel onwennig, vreemd en spannend. Maar ook mooi", seit de nije jonkhear sels. "Het is een erkenning. Vroeger was mijn familie ook van adel, door onderzoek is deze erkenning nu voor elkaar gekregen."
Dochs bliuwt er der nochteren ûnder en wennet er net yn in kastiel. "Ik zit in een klein kamertje in een flat. Ik heb alleen maar AOW en een klein pensioentje."
In adelsdiploma, ek wol adelsoarkonde of adelsbrief neamd, is in befêstiging dat in persoan fan boargerlike komôf yn de adelstân opnommen is.