Noed oer tekoart oan drinkwetter; Vitens skaalt op

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
In tekoart oan drinkwetter driget. Dat komt troch drûchte, fersmoarging en it sâlter wurden fan it wetter, sizze de wetterbedriuwen yn Nederlân. Alle tsien bedriuwen moatte foar 2030 mear drinkwetter produsearje om oan de wetlike plicht te foldwaan.
Vitens skaalt fuort op mei it binnenheljen, it suverjen en de distribúsje fan wetter. Yn Fryslân is it soms ek al krap om oeral drinkwetter te leverjen. "We zijn onze capaciteit aan het uitbreiden. Tot 2030 zijn we bezig om een nieuwe waterwinning te ontwikkelen", seit Gerben Korten fan Vitens.
It bedriuw moat mear muoite dwaan om it wetter te suverjen om't de wetterkwaliteit minder wurdt. "Zeker in tijden van droogte is dat spannend." As der no net wat feroaret oan de wetterkwaliteit kin it wêze dat it minder wurdt.

Boargers kinne ek wat dwaan

Neffens Korten kinne minsken sels ek in soad dwaan om derfoar te soargjen dat it wetter skjinner bliuwt. "Let goed op met wat voor je stoffen je door het toilet spoelt, zoals medicijnresten, want die komen in het milieu terecht. Denk eens na of je in de tuin gif moet gebruiken tegen het onkruid."
Gerben Korten