Jonge boeren pleitsje foar 'young farmers check' en jouwe yn Brussel sinjaal ôf

Eke Folkerts © Eigen foto
In groep jonge boeren út Nederlân en België giet hjoed nei it Europeesk Parlemint yn Brussel om stipe te freegjen foar har takomst. Neffens de jonge boeren stiet har takomst slim ûnder druk: mar 10 persint fan de boeren is jonger as 40 jier.
En ek mar 15 persint fan de boeren hat in opfolger. Jonge boeren hawwe stipe nedich, mar neffens har wurde se krekt konfrontearre mei belied dat har gjin perspektyf jout. Ek út Fryslân binne in pear boeren ûnderweis nei Brussel. Dêr is ek Eke Folkerts by fan Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt. Se hat de portefúlje bedriuwsoername ûnder har bewâld.
"It liket net sa bêst mei it takomstperspektyf fan de jonge boeren", seit Eke Folkerts. "Der is in soad belied dat oer elkoar hinne rôlet en dat byt elkoar hiel bot. Dat soarget derfoar dat je op it lêst gjin kant mear op kinne." It hat ûnder oare te krijen mei it stikstofbelied en it ferbod op it útriden fan dong. "Ynnovaasjes wurde ôfkard en it ôfskaffen fan derogaasje kostet in soad jild, mar tsjin al dy regels stiet net wat tsjinoer."

Jild yn de sektor hâlde

It regear hat de sektor jild tasein. "Dat jild is foar de útkeap fan stoppers, wylst we krekt pleite ha om it jild foar ynnovaasje beskikber te stellen. Dan bliuwt it jild yn de sektor en kinne de jonge boeren bouwen oan takomstbestindinge en duorsume bedriuwen."
Se fernimt dat mear jonge boeren it net mear sitten sjogge. "We wienen altyd optimistysk en as NAJK binne we der ek foar de bliuwers. Mar it wurdt no sa stadichoan wol oars. We ha safolle plannen oanlevere om perspektyf en romte te krijen, mar alles brekt ús by hannen om 't ôf. Der komt gjin stipe fan de oerheid, en dan ha ik it net oer sinten, mar yn romte om te ûndernimmen."
De demonstraasje fynt plak fanwege de Europeeske Ried dy't moandei byinoar komt yn Brussel. Yn dy ried sitte alle ministers fan Lânbou en Fiskerij út de Europeeske lannen. De ried praat oer de foarstellen fan de Europeeske Kommisje.
Eke Folkerts
Se gean mei wat Belgyske kollega's nei Brussel om in dúdlik sinjaal te jaan. "It is in nasjonale oangelegenheid, mar it spilet oeral yn Europa. We moatte oan de bel lûke. Alle boeren dy'tst kwytrekkest, krijst net wer."

Young farmers check

Konkreet wolle se dat yn it belied in 'young farmers check' opnaam wurdt. "Dat net inkeld sjoen wurdt wat it effekt is op de lânbousektor, mar ek nei it trochwurkjende effekt foar de jonge boeren. En as dat te neidielich is, moat dêr in oplossing foar fûn wurde of it belied moat net op dy manier trochgean."
Se binne net mei in soad minsken. "It giet net om massa, mar om it boadskip." Se ha de parse útnûge en sa'n 30 Europarlemintariërs komme te praten.