Grave nei Moluksk ferline yn eardere kamp Wyldemerck by Balk

Archeologysk ûndersyk nei fûneminten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Molukkers koenen snein foar it earst sels archeologysk ûndersyk yn Nederlân dwaan op harren eardere wenplak. Nei in eardere fjildynspeksje stutsen âld-bewenners de skeppe yn de grûn op syk nei resten.
Kamp Wyldemerck by Balk wie tusken 1954 en 1969 it iennige islamityske Molukske wenplak fan ús lân, mar der is neat mear fan oer. Snein wie in iepen middei wêrby't omwenners wolkom wienen om oantinkens mei de dielnimmers út te wikseljen.
"We zijn bezig met een participatief archeologisch onderzoek", leit archeolooch Jobbe Wijnen út. "Dat betekent dat de Molukkers die hier in kamp Wyldemerck gewoond hebben zelf bezig zijn met opgravingen naar hun eigen barakken uit de jaren vijftig en zestig. Zo hebben we hier in twee proefputten de resten van de moskee aangetroffen en ook die van de minaret. En dat was de eerste minaret van ons land."
Omwenners prate mei âld-bewenners fan it kamp © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By de âld-bewenners komme de oantinkens oan de tiid yn it kamp wer nei boppen. "Ik vind het fantastisch, want wij woonden in barak A en we keken elke dag naar die moskee en de minaret", seit Arsad Hatoeina.
Achmad Rolobessy kaam yn it kamp doe't hy fiif jier âld wie. Hy hat ek moaie oantinkens oan it kamp. "Als ik als kind 's zomers van school kwam, dan was het hier een paradijs om te spelen. We deden onze oude kleren aan en konden in de bossen doen wat we wilden. We gingen bramen zoeken, met een kapmes takken snijden, bomen klimmen, noem maar op. Heel avontuurlijk."
Rolobessy komt yn petear mei Rein Molenaar fan Bakhuzen. Ek hy tinkt graach werom oan kamp Wyldemerck. "Myn heit kaam hjir mei skuon en dan gie ik wolris mei. Sa wit ik der noch in hiel lyts bytsje fan ôf. Mar ik werken net in soad mear. In iepen fjildsje by in barak, fierder net. Der binne guon dy't harren ferhaal dogge en dêr werkenne we ús wol yn. Ik fyn it hiel aardich en bysûnder."
De Molukske mienskip docht archeologysk ûndersyk by Wyldemerck
Steatsboskbehear hat as eigener fan it terrein al jierren de winsk om mear mei de skiednis fan it gebiet te dwaan. De organisaasje hie geregeld kontakt mei Moluks Erfgoed, dat yn 2017 oprjochte is om de Molukske spoaren fan it ferline te ûndersykjen.
In knikker en in sekering wurde opgroeven © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dit projekt is in gearwurking mei Moluks Erfgoed en it Moluks Historisch Museum, de Stichting Vrienden van BOEI, de gemeente de Fryske Marren, de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed en de Rijksuniversiteit Groningen. It hat de namme 'Wyldemerck, samen zoeken naar barakken in de bossen'.