Wer sulver foar Ymkje Clevering op it WK, no yn de frouljus acht

Ymkje Clevering © ANP
Ymkje Clevering hat snein foar de twadde kear in sulveren medalje helle op it wrâldkampioenskip roeien. Mei de Nederlânske frouljus acht waard de roeister fan Haulerwyk twadde.
De Nederlânske froulju strieden yn de finale benammen mei Kanada om it twadde plak. Roemenië rûn der nammentlik al fan it begjin ôf út en dy foarsprong waard allinnich mar grutter.
Nederlân lei in grut part fan de finale tredde, mar op sa'n fiifhûndert meter foar de finish gie it Kanada foarby. Dat twadde plak joech Nederlân net mear ôf en yn 6.05,04 kamen Clevering-en-dy oer de finish. Roemenië wûn it goud yn 6.01,14 en Kanada waard tredde yn 6.07,51.
Ymkje Clevering nei har twadde sulver op it WK roeien
Sneon helle Clevering ek al sukses op it wrâldkampioenskip roeien. Tegearre mei Veronique Meester wûn se sulver yn de twa-sûnder-stjoerfrou. It wie foar it earst sûnt 44 jier dat Nederlân op dat ûnderdiel in medalje helle.