Deputearre Avine Fokkens (VVD): "Wij hebben de marktwerking overschat"

Piet Fortuin (CNV), Avine Fokkens (VVD), Habtamu de Hoop (PvdA) © Omrop Fryslân, René Koster
"Wij maken Fryslân graag wat liberaler, maar die marktwerking hebben we her en der overschat", dat stelde Avine Fokkens yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Fokkens is no deputearre en by de Steateferkiezingen is se listlûker foar de VVD.
De Steateferkiezingen binne al oer in healjier. Fokkens hat dêr noed oer fanwege it grutte gebrek oan fertrouwen ûnder de befolking foar de polityk. "Mensen zijn boos en dat snap ik. De boosheid is terecht omdat er veel is misgegaan", seit Fokkens.
"Het is aan de politiek om dat te herstellen, maar het vraagt ook om wederkerigheid. Natuurlijk, de bal ligt bij ons, maar we hebben de bevolking hierbij ook nodig. It takes two to tango."
Iedereen doet op ons niveau naar eer en geweten z'n best voor Fryslân, maar het ziet ernaar uit dat we worden afgerekend op landelijk beleid.
Avine Fokkens (VVD)
Benammen lanlike tema's as asyl, keapkrêft, de hûze- en enerzjykrisis, en fansels hoe't mei Grinslân en it taslaggeskandaal om gien is, bepale it wantrouwen. Yn dy negative sfear begjint meikoarten de kampanje foar de provinsjale ferkiezingen.
"Dat is heel frustrerend", fynt Avine Fokkens. "Iedereen doet op ons niveau naar eer en geweten z'n best voor Fryslân, maar het ziet ernaar uit dat we worden afgerekend op landelijk beleid." Dochs woe se graach listlûker wurde by de Steateferkiezingen. "Als je denkt een steentje te kunnen bijdragen aan een liberaler Fryslân, moet je dat ook doen."
De polityk moat mear perspektyf biede.
Fakbûnsfoarsitter Piet Fortuin
CNV-foarsitter Piet Fortuin rôp yn it Nijsfoarum de polityk op om mear perspektyf te bieden. "We sjogge no polityk op basis fan koartetermyntinken, wylst in soad problemen krekt belied foar tsien jier of mear freegje. Klimaat, stikstof, arbeidsmerk en asyl binne gjin kwestjes dy't je op koarte termyn oplosse."
De fakbûnsfoarsitter wol graach mei 'it brede midden' om tafel om ris nei de takomst te sjen.
Avine Fokkens yn it Nijsfoarum
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.