Takomst folslein Frysktalich tydskrift De Nije stiet faai

It tydskrift De Nije © Omrop Fryslân
De kâns is grut dat it Fryske tydskrift De Nije yn desimber foar it lêst ferskynt. It folslein Frysktalige magazine wurdt makke troch de Ried fan de Fryske Beweging. Neffens de Ried kin it nea lyk draaie sûnder help fan de oerheid.
It blêd hat ûngefear 350 abonnees en der wurde likernôch 250 eksimplaren fan elk nûmer ferkocht yn de winkel. De kosten wurde troch de Ried sels droegen en dat brekt har no op.
"Aant Mulder en ik wiene de oanjagers", fertelt Piet Bergsma. "Aant is yntusken ferstoarn en it betsjut dat it op tefolle minksen delkomt dy't it as frijwilliger dogge. Op dy wize hat it eins gjin takomst, it is gjin frijwilligerswurk."
Piet Bergsma
Der is in driuwend berop dien op deputearre Sietske Poepjes om it tydskrift mei finansjele stipe oerein te hâlden, mar Poepjes hat witte litten dêr gjin mooglikheden foar te sjen. It tydskrift by de Afûk ûnderbringe slagge ek net.
Dat is spitich, fynt Bergsma. "De provinsje stekt in soad jild yn it ûnderwiis en jout stipe oan in tal oare tydskriften. De Nije is in tydskrift foar in breed publyk. As Ried fan de Fryske Beweging fine wy dat dêr plak foar wêze moat."
De Nije ferskynde foar it earst mei in nulnûmer yn desimber 2018. It wie de opfolger fan it blêd Swingel.