HEA! Warbere Herman

HEA! Warbere Herman
Herman van Deden fan Wâldsein kin absolút net neatdwaan en in boek lêze fynt hy neat. Hy moat wat mei de hannen dwaan en hy is goed yn reparearjen, dus hy is alle dagen wol yn syn hok te finen.
Doe't Herman in jongfeint wie, wurke hy earst by syn heit. Doe koe hy fjouwer wike by de doarpssmid oan it wurk. Hy foldie goed en is dêr bleaun oant syn pensjoen.
Nei in ûngemak op syn wurk kaam Herman yn in rolstoel telâne. Hy hat dêrnei wer allerhanne putten oppakt en fermakket himsels mei alles wat technyk is. Wat stikken is, makket Herman wer as nij.