Frysk inisjatyf nominearre foar lanlike priis Gouden Prokkel

Jeanet Wardenier fan LFB Wolvegea jout in masterclass oan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân © LFB Wolvega
LFB Wolvegea, in belangeferiening foar en troch minsken mei in licht ferstanlike beheining, en de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne nominearre foar de Gouden Prokkel. Dat is in lanlike priis foar inisjativen dy't minsken mei en sûnder in ferstanlike beheining byinoar bringe.
De Gouden Prokkel wurdt kommende freed útrikt troch minister Carola Schouten yn Utrecht. Der binne tsien nominearden ferdield oer twa kategoryen. De Fryske kânshawwers komme út yn de kategory Gouden Starter, foar nije inisjativen. Der koe keazen wurde út yn totaal 165 inisjativen.

Masterclass

De aktiviteit dêr't LFB Wolvegea en de gemeenten mei nominearre binne, is in masterclass oer it VN-ferdrach. De organisaasje joech dy yn de jierlikse Prokkelwike yn juny oan de boargemasters, wethâlders en oare meiwurkers fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.
Troch dy masterclass ha de dielnimmers mear ynsjoch krigen oer wat it dreech makket foar minsken mei in ferstanlike beheining om meidwaan te kinnen oan de maatskippij.

Wurdearring

Wethâlder Jouke Douwe de Vries fan Noardeast-Fryslân is wiis mei de nominaasje: "We sjogge it as wurdearring foar it moaie wurk dat wy foar, en foaral ek mei, minsken mei in beheining dogge."
De gemeenten sette har yn foar likense kânsen foar elkenien. "Wy fernimme hoe wichtich en moai oft it is dat we minsken mei in beheining sels belûke by ús plannen. Se witte sels better wat se nedich binne en kinne dat hiel goed sels oanjaan", seit wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel.