Oekraïners yn De Gaastmar: "Fan de hel yn de himel"

Zalona út Oekraïne © Omrop Fryslân, René Koster
"It is as kamen we hjir yn de himel", sa beskriuwt de Oekraynske Zalona har ûntfangst dizze maitiid yn De Gaastmar. Begjin maart kamen de earste flechtlingen út Oekraïne nei it doarp, op de flecht foar it oarlochsgeweld yn har eigen lân.
Pleatslike frijwilligers soargen fia de tsjerke foar opfang, ûnderdak en begelieding fan 37 minsken. Undertusken binne guon dêrfan dochs wer weromgien of ferhuze oant nei Ingelân en Amearika ta.
Op 't heden wenje noch 14 flechtlingen yn it doarp, dy't allegear in frijwilliger as buddy ha. De flechtlingen en frijwilligers binne wiis mei inoar, blykt as Buro de Vries foar in reportaazje by har delgiet.
Zalona wenne yn it easten fan Oekraïne doe't de oarloch útbruts. Se wurke yn de berne-opfang en soe nei de simmer mei in nije stúdzje begjinne. Mar troch de oarloch waard alles oars.
Skriba Anneke van Mourik, koördinator Caroliene Schenkels en Zalona © Omrop Fryslân, René Koster
Se ûntflechte har lân en wie ien fan earste Oekraïners dy't yn maart in plakje krije koe yn De Gaastmar. "It fielde suver as in film, as gongen we fan de hel nei de himel", fertelt se.
"Wy kamen yn de betide maitiid nei Fryslân en it waar wie hjir fuort al geweldich en it doarp sa rêstich en fredich. De minsken hjir binne gewoan té aardich. Soms tink ik dat it net echt wêze kin en knipe we ússels wer eefkes yn de earm, om te beseffen dat it gjin dream is."
Ik wrakselje noch faak mei de fraach oft ik miskien dochs net better werom kin nei Oekraïne.
Zalona, Oekraynske flechtling
Zalona heart by de groep Oekraïners dy't opfongen wurdt troch de tsjerklike mienskip yn De Gaastmar. De flechtlingen waarden ûnderbrocht yn fakânsjehúskes, en frijwilligers stypje de minsken.
Sy soargen derfoar dat de minsken har thús fiele koene, mar holpen ek by praktyske saken lykas it oanfreegjen fan in bankrekken en it finen fan wurk.
Zalona wrakselet noch faak mei de fraach oft se net better werom kin nei Oekraïne. "Ik tink no, dat dit hjir foar my it bêste plak is. Wat kin ik dêr dwaan? Hjir ha ik no wurk en mei wat ik fertsjinje, help ik myn lân, ús leger en fansels ek myn famylje. Boppedat ha ik hjir ek myn taken wêryn't ik my tsjinstber meitse kin."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Se helpt bygelyks lângenoaten by it oersetten, om't in soad Oekraïners net sa goed Ingelsk sprekke, mar ek om har better op harren gemak fiele te litten. Oer it ferrin fan de oarloch is se wat dûbeld.
Wy wurde dêr as minne minsken en fassisten ôfskildere.
Zalona oer de Russyske propaganda
"Us leger docht it no goed, mar wat as Poetin gemyske of nukleêre wapens ynset?", freget Zalona har ôf. "En stel dat de oarloch dit jier wol ophâlde soe, dan is it noch gjin frede. Russen sille harren leger op 'e nij opbouwe en nije wapens produsearje om dan mei in jier as tsien werom te kommen. Dêrom wolle wy it leafst de folsleine ferneatiging, benammen fan it regear, want sy beynfloedzje de minsken mei harren propaganda. Wy wurde dêr as minne minsken en fassisten ôfskildere."
De flechtlingen binne wolkom © Omrop Fryslân, René Koster
De minsken fan it opfangprojekt moatte suver gnize as frege wurdt oft it spesifyk om (protestantsk-)kristlike flechtlingen giet dy't opfongen wurde. "Fansels net! En dat jildt ek foar de frijwilligers. Dit dogge we as doarp."
Ek Zalona wit net krekt hoe't sy no yn De Gaastmar bedarre is. "Mar ik bin dêr wol hiel bliid om. As it der op oan komt, tink ik dat fan alle plakken dêr't ik hinne koe, dit it bêste is. Mei fanwege dizze mienskip."
Fredessnein
Snein 25 septimber is it yn in soad tsjerken Fredessnein, as ôfsluting fan de Fredeswike. Buro de Vries makket dêr in tema-útsjoering oer ûnder it biedwurd 'Fredeswike yn oarlochstiid' mei as studiogasten Mirka Antolovic fan Tûmba en Jan Bosman fan Solidair Fryslân. Gerben Huisman fertelt oer in tsjerklik helpferlieningsprojekt fan Ljouwerters foar de troffen mienskip yn Irpin en Peter van der Zwaag leit út wat it spesjale fredesliet Do&Ik krekt is, dat hy mei Janneke Warringa ek hearre lit.
De radioreportaazje yn Buro de Vries oer de opfang fan Oekraïners yn De Gaastmar