Fuotbalwedstriid yn Ljouwert rint út de hân: fiif reade kaarten en plysje derby

© ANP
In fuotbalwedstriid tusken it twadde alvetal fan Blau Wyt '34 út Ljouwert en PKC'83 út Grins is sneon folslein út de hân rûn. Nei in doelpunt fan de Ljouwerters ûntstie der in fjochtpartij tusken de spilers fan beide alvetallen.
Neffens foarsitter Henk Buning fan Blau Wyt waarden de spilers fan PKC poerlilk nei't de skiedsrjochter de 1-1 goedkard hie. De grinsrjochter flagge nammentlik foar hands, mar de KNVB-skiedsrjochter naam dat sinjaal net oer.

Rake klappen

Buning hat in ynsidint sels net sjoen, mar neffens tsjûgen krigen de skiedsrjochter en spilers fan Blau Wyt rake klappen fan spilers fan PKC'83. Ien fan de spilers fan de Ljouwerters soe dêrby op de grûn fallen wêze. Neffens Buning hawwe PKC'ers doe fierder op him ynskopt.
Minsken út it publyk begûnen harren der doe mei te bemuoien, wêrnei't spilers fan PKC ek harren te liif gean woenen. Neffens de foarsitter fan Blau Wyt ûntstie der doe sa'n driigjende situaasje dat de plysje derby komme moast.

"Het kwam van beide kanten"

Wedstriidsekretaris Henk Smittenberg fan PKC wie by it duel oanwêzich. Neffens him rûn it út de hân doe't de skiedsrjochter in eardere situaasje ferkeard ynskatte: "Na een overtreding lag één van onze jongens op de grond. Zijn tegenstander ging op zijn knie staan, en als reactie trapte hij toen na. Kijk, natrappen hoort niet, daar ben ik heel eerlijk in. Daar hadden ze allebei rood moeten hebben, maar ze kregen allebei geel. Dan wordt het opgefokt, en na de 1-1 sloeg de vlam in de pan."
Fiif spilers fan PKC hawwe in reade kaart krigen en de wedstriid waard net mear útspile. Smittenberg hat lykwols gjin reade kaart sjoen: "Die zijn volgens mij allemaal na afloop uitgedeeld, want ik heb ze niet gezien. Kijk, het is van beide kanten geëscaleerd, het kwam van beide kanten. Het slaat natuurlijk allemaal nergens op, ik schaam me ook dood, maar ik kan er niks meer aan doen."

Mooglik oanjefte

Blau Wyt-foarsitter Buning hat in protte respekt foar de skiedsrjochter, dy't neffens him aardich nochteren ûnder de situaasje is. Ien fan de spilers hat noch wat lêst fan de holle. Mooglik wurdt der noch oanjefte dien tsjin spilers fan PKC. "Voetbal is emotie, maar dit gaat alle perken te buiten", seit Buning.
Opfallend detail: takom wike stiet it duel tusken PKC'83 1 en Blau Wyt '34 1 op it programma.