Betinking fan Slach by Warns feroaret foarsichtich fan karakter

Slach by Warns foar de 75e kear © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By de jierlikse betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif sjocht it der dit jier oars út. Op proef is der in Fries en vrijfestival. Dêr spylje Fryske leginden, ferhalen en seremoanjes in grutte rol.
Al jierren siket de organisaasje nei fernijing om ek in jonger publyk te ynteressearjen foar betinking. "Nou is der natuerlik nea ien manier en we binne gewoan oan it sykjen nei wat wurket", seit Bruno Rummler fan de organisaasje. "En dit hjir besykje we dat foar it earst sa wat út te pakken yn de hoop dat we it it oare jier mear yntegrearje kinne en it iepenbier meitsje kinne."
De betinking fan de Slach by Warns yn 2022:
Om en op it kampemint wurde seremoanjes hâlden. Guon besikers hawwe midsiuwske klean oan of runetekens op it gesicht ferve. "It is belangryk om stil te stean by de grûn, by de komôf en by de foarâlden, dy't der foar soarge hawwe dat wy hjir noch op dit stikje Fryslân sitte", seit seremoanjelieder en tsjoender Gerda van der Werf. "It liket wol of minsken it hieltyd minder belangryk fine. Mar it mei wol wer djipper field wurde: de hillichheid fan de komôf en hoe bysûnder it folk en it lân is."

Draken, tsjoenders en runen

Kultuer is ek ferhalen fertelle, sa is de gedachte. En dêr kinne, draken, tsjoenders en runen by hearre. "Guon ferhalen binne miskien wat ûnderbeljochte", mient Rummler. "Mar it is diel fan de belibbing en de kultuer fan Frylân. It soe moai wêze as minsken einlik it ferskil witte tusken Grutte Pier en de Slach by Warns bygelyks. En net dat it iene ferhaal better is as it oare, mar it giet der om dat wy witte: welk ferhaal is welk ferhaal en wêr kinne we dêr mekoar yn meinimme."
It plantsjen fan in 'hillige' ikebeam flakby it monumint © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Foar de ien is it humor, foar de oar is it serieus", leit Van der Werf út. "It hoecht miskien ek net sa, mar it boadskip is: stean wat mear stil by de magy en de hillichheid fan wat der yn it libben is en fan de grûn en it eargefoel."
By de formele betinking is muzyk, poëzy en diskusje mei as tema buorkjen yn de takomst en it ferline. It FrijSiafestival is no noch besletten, mar mooglik wurdt it tenei ûnderdiel fan de betinking.