Rowan Veltman nei heale finale Holland's Got Talent mei Frysktalich nûmer

Rowan Veltman by Sjong 2021 © Piet Douma
Mei in druk op de gouden knop, fan sjuerylid Edson da Graça, hat de 17-jierrige Rowan Veltman fan Garyp freedtejûn mei ien optreden de heale finale helle fan it nije seizoen Holland's Got Talent. Hy die dat mei in Frysktalige oersetting fan it nûmer Everything I Wanted fan sjongeres Billie Eilish.
"Dat wie in hiel apart momint. Ik stie op it poadium nei myn optreden, en der waard sein, no sille we stimme. En doe wie it hielendal stil, doe tocht ik o jee", fertelt Veltman. "Doe seach ik Edson syn hân omheech gean en hy drukte op de knop. Dat wie in hiel apart gefoel. In prachtich momint. Myn dream kaam dêr út."
Rowan Veltman streekrjocht nei finale Holland's Got Talent
Veltman is ien fan de earste Friezen dy't op lanlike telefyzje yn in talintesjo yn it Frysk sjongt. "Benammen Chantal fûn dat hiel moai sei se." Dochs wie it neat foar it earst dat hy de Fryske oersetting fan it nûmer hearre liet.

Winner SjONG

Ferline jier wûn hy as 15-jierrige it Frysktalige sjongfestival SjONG foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. "Ik liet myn pinne falle doe't ik dyn stim foar it earst hearde", sei sjuerylid Femke de Walle doe. "Wow, wat in waarmte en kontrôle!"
Veltman wist freedtejûn fansels al dat hy trochgean soe nei de heale finale. Hy seach de útstjoering mei syn heit en mem en syn suske. "Sy wiene ek by de opnamen dus moasten ek al dy tiid harren stil hâlde. Myn suske begûn sels mei te sjongen, en dat is dan hiel apart om te hearren. It docht echt wat mei minsken."