Man swierferwûne rekke by kappen fan beammen yn Aldeholtwâlde

© BTBfotografie
By it kappen fan beammen is sneontemiddei in Aldeholtwâlde in man swierferwûne rekke.
De man wie oan de Slingerweg dwaande mei it omseagjen fan beammen. Wat der krekt mis gie, is net bekend.
Der waarden twa ambulânses en in traumahelikopter ynset. De man is oerbrocht nei it sikehûs fan Zwolle.