FNP makket konseptprogramma Steateferkiezingen bekend: partij wol ôf fan komst Lelyline

Sijbe Knol sil listlûker fan de FNP wêze © Omrop Fryslân
De FNP hat it konseptferkiezingsprogramma foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier bekendmakke. Dêryn stiet ûnder oare dat der in streek troch de Lelyline komme moat.
Dat hat foaral te krijen mei de deal dy't sletten is oer de huzebou dy't keppele is oan dy nije spoarline. Yn Fryslân soene dan tsientûzenen nije huzen boud wurde moatte en dat sjocht de FNP net sitten, seit haadbestjoerslid Jan Arendz.
"Wy fine dat der hûzen byboud wurde moatte nei aard, skaal en karakter. As je troch de Lelyline safolle oanlûkingskrêft kreëarje troch mear huzebou, dan silst hieltyd mear op de Rânestêd lykje. De romte en it lânskip binne it goud fan Fryslân. Ast dat opofferest, krijst dat nea wer werom", stelt Arendz.
Op dit stuit sit de FNP yn it kolleezje mei de VVD. No't de FNP wol dat der in streek troch de komst fan de Lelyline giet, liket in nije gearwurking tusken de twa partijen sawat útsletten.

"Lit de boer wer winne"

Yn it konseptprogramma stean trije ûnderwerpen sintraal: de mienskip, it lânskip en noflik wenjen. In opfallende passaazje is de sin 'Lit de boer wer in winner wêze'. Neffens Arendz bedoelt de FNP dêrmei dat boeren op basis fan reewilligens sels stappen sette moatte nei in natuerynklusive en biologyske wurkwize.
"Wy sjogge dat de konsumint der wol wat foar oer hat dat der troch boeren wat oan lânskip, natuer en bioferskaat dien wurdt", seit Arendz, dy't hopet dat Fryslân foaroprinne kin mei de lânbou yn Nederlân.
Fierder wol de partij fan listlûker Sijbe Knol ûnder mear dat bern fan 7 jier âld in jier fergees sporte kinne en dat der mear oansluting mei jongerein socht wurdt. Op 8 oktober moatte de 1.500 leden fan de partij it programma noch goedkarre.