Famylje fan Ljouwerter fakir net bliid mei bynamme Slappe Douwe op teäterposters

Douwe Andries Bijlsma wie fakir en fjoerspuier © Eigen foto
De 350 posters en 3500 flyers fan de teäterfoarstelling Slappe Douwe moatte ferfongen wurde. It stik giet oer de Ljouwerter strjitartyst Douwe Andries Bijlsma, dy't yn 1967 stoar. Syn neiteam is net bliid mei it fermelden fan de bynamme op it promoasjemateriaal foar de foarstelling.
Foaral ek omdat Bijlsma sels in hekel hie oan de bynamme Slappe Douwe. Dy krige hy fanwege syn linigens. Mei syn acts as fakir en fjoerspuier wie er yn hiel Fryslân te sjen.
Yn oerlis mei de famylje ha de teätermakkers Ritsko van Vliet en Theo van der Geest no besletten dat it wurd 'slappe' op de posters en flyers trochstreke wurdt. Dat die de markante Ljouwerter sels ek altyd as er de bynamme seach yn in artikel of op in muorre.
De poster fan it teäterstik is oanpast © Ritsko van Vliet
"Het was best wel even een spannend moment", seit Van Vliet, dy't yn de foarstelling de rol fan Douwe Bijlsma fertolket. "Dat je met de familie in gesprek bent over iets wat heel gevoelig ligt. Je kunt moeilijk een stuk met zijn eigen naam doen, want niemand kent dat. Slappe Douwe is een begrip. Maar als dat kwetsend is voor familie, ook omdat hij dat zelf zo erg vond, dan moet je wel naar een oplossing."
It bedriuw Bijlsma Elektrotechniek BV, dat yn hannen is fan in soan fan Douwe Andries Bijlsma, betellet de kosten fan de nije posters en flyers. Dy lizze tusken de 400 en 500 euro.
"We hebben de deal gemaakt, dat zolang de nieuwe posters er nog niet zijn, we de andere nog mogen ophangen", seit Van Vliet. "Komende week komt de wissel met het nieuwe ontwerp."
De foarstelling giet op 28 oktober yn premjêre yn teäter De Bres yn Ljouwert.