No en Dan: Striid foar natoer as rjochtspersoan

Gerjochtshôf en bosk op it Saailân © Jan Bensliman
De natoer soe in rjochtspersoan wêze moatte, dy't sels saken oanspanne kin tsjin minsken of ynstânsjes dy't har skeine. Jessica den Outer is 'earth advocate' foar de rjochten fan de natoer. Te sjen yn diel 2 fan de FryslânDOK-searje 'No en Dan'.
It Ministerie van de Toekomst en it Arcadia-projekt 'Bosk' hawwe juriste Jessica den Outer frege, om mei-inoar in rjochtsaak oan te spannen mei de natoer as rjochtspersoan. Yn de simmer fan 2022 waard dy (fiktive) rjochtsaak holden yn Ljouwert.
FryslânDOK 'No en Dan' diel 2 'Sykje'
Sneon 24 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 25 septimber 13.23 oere)
Snein 25 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Likegoed Bosk as it 'ministerie' wolle it langetermyntinken stimulearje. Om in bettere ierde nei te litten oan de generaasjes nei ús, moatte wy mear rekken hâlde mei de takomstige gefolgen fan it hjoeddeistige hanneljen.
Jessica den Outer © Jan Bensliman
Minsken nimme besluten oer natoer, bygelyks it kappen fan beammen. Wylst in beam minsken generaasjes lang oerlibje kin, en beammen ek nedich binne foar it fuortbestean fan de minske.
Bosk, beammen triuwe oer de Nijstêd © Jan Bensliman
Inisjativen om rjochten te jaan oan de natoer barre al op hûnderten plakken op de wrâld, ek yn Europa. It doel is dat de natoer in folweardige stim krijt yn it rjochtssysteem. Jessica den Outer, juriste en VN-adviseur, stelt in manifest op dat oanbean wurde sil oan de Twadde Keamer.
Aldste beam fan Fryslân yn Aldtsjerk © Jan Bensliman
Ien fan de natuergebieten yn Fryslân dy't mooglik rjochstpersoanlikheid krije kinne soe, is de Waadsee. Jongeren holden dêrfoar ôfrûne simmer in saneamde 'Waddenmars'.
It waadgebiet is al UNESCO wrâlderfgoed, en hat sa al in sterke rjochtsposysje. Mar troch fan it gebiet in 'rjochtspersoan' te meitsjen, sille minsken har mear hâlde as 'pleechâlder' en har ferantwurdlik fiele foar de beskerming.
Rjochtsaak foar natoer © Jan Bensliman
Jongeren komme trouwens te min oan bod oan de beslúttafels. Dat fynt Claim your Future, in beweging dy't jongeren stimulearje wol om mei te tinken en te praten. Inisjatyfnimmer Aukje van der Veen wurdt net wurch om bestjoerders oan de jas te lûken en te wizen op de posysje fan jongeren.
Aukje van der Veen, Claim your future © Jan Bensliman