Sûnt it sukses fan Allbäck rekket sc Hearrenfean it Sweedske firus net mear kwyt

Marcus Allbäck yn 2018, doe't hy efkes werom wie yn it Abe Lenstra Stadion © Orange Pictures
Dat Sweedske fuotballers goed aardzje by sc Hearrenfean is wol bekend, mar it wie noch net earder sa sichtber as dit seizoen. Trainer Kees van Wonderen kin mar leafst seis Sweden ynsette.
Amin Sarr, Simon Olsson, Rami Kaib, Alex Timossi, Rami Al Hajj en Hussein Ali hawwe allegear in bydrage hân by de goede start fan harren klup. Hearrenfean stiet nei sân wedstriden sechsde yn de earedivyzje en makket, mei útsûndering fan romme ferlies tsjin Ajax (5-0), in solide yndruk. In wike lyn waard FC Twente mei 2-1 ferslein.
Sweden by sc Hearrenfean
Hoe grut de ynbring fan it Sweedske sekstet ek is, oan de status fan Marcus Allbäck kinne se allegear noch net tippe. Hy wie yn 2001 de earste Sweedske fuotballer dy't nei sc Hearrenfean kaam. Hy hat goed tweintich jier letter noch hieltyd in heldestatus ûnder de fans.
Sûnt syn bêste dagen hat sc Hearrenfean in ûnmiskenber Sweedsk DNA. In de jierren dêrnei kamen der mar leafst 22 Sweedske fuotballers nei it Abe Lenstra Stadion.

Sweden mei measte doelpunten foar sc Hearrenfean

Namme Doelpunten
1. Marcus Allbäck en Lasse Nilsson 27
2. Viktor Elm 25
3. Sam Larsson 23
Wylst hy mar oardel seizoen yn it Abe Lenstra-stadion te bewûnderjen west hat, steane de aksjes fan Allbäck in soad minsken noch helder foar de geast. Syn doelpunten tsjin Ajax, syn hattrick tsjin Willem II en syn fraaie technyk makken him populêr by it publyk.

Earste yndruk wie net goed

Allbäck, tsjinwurdich as saakwaarnimmer aktyf, hat dan ek hast allinnich mar goeie oantinkens oan Hearrenfean. Syn earste yndrukken wienen lykwols net al te posityf.
"It wie desimber of jannewaris en it reinde. It wie in snein en alles wie ticht. Ik sei tsjin myn heit, dy't ek my saakwaarnimmer wie: 'Ik wit net of ik hjir wol nei ta moat'. Ik wit dat myn heit sei: 'Ik tink dat it hjir fantastysk wurdt'. En dat kaam trochdat de klup echt sjen liet dat se foar my soargje soene. En myn heit hie sa gelyk."
"Nei oardel jier gong ik nei Aston Villa, mar it wie de bêste oardel jier yn myn karriêre. De earste yndruk is net altyd de bêste."
Tip fan Marcus Allbäck foar de Sweedske Hearrenfeanspilers
Mar net eltse Sweedske fuotballer dy't yn Hearrenfean delstruts, wie in foltreffer. In inkeling kaam sels hielendal net yn aksje foar it earste alvetal.
Wa wit bygelyks noch wa't Tom Siwe is? Hy kaam as talint fan 17 jier yn 2007 nei Hearrenfean, mar útsein in pear wedstriden mei Jong Hearrenfean yn it bekertoernoai beweegde hy him anonym troch it Abe Lenstra Stadion. Nei trije jier gie Siwe werom nei Sweden, dêr't hy oant 2021 mei Ljungskile SK útkaam op it twadde nivo.
Of nim Samuel Armenteros en Viktor Noring. Sy kamen yn Hearrenfean net fierder as in plak op de reservebank en wisten pas op in oar plak in bestean as proffuotballer op te bouwen. Armenteros hat yntusken as spiler fan Heracles, Feyenoord en Willem II 186 wedstriden en 56 goals op syn cv stean, wylst Noring nei in soad omswervingen takom seizoen ûnder de latte stiet by it Deenske Aarhus.

Sweden mei measte wedstriden foar sc Hearrenfean

Namme Wedstriden
1. Petter Hansson 200
2. Kristoffer Nordfeldt 123
3. Viktor Elm 122
Ek al fynt net eltse Skandinaviër it gelok yn Fryslân, dochs is Hearrenfean neffens Allbäck in ideale klup foar jonge fuotballers om harren fierder te ûntwikkeljen.
"Ik wit dat Hearrenfean de lêste tweintich jier in soad yn Sweden rûn sjocht nei talinten en goeie spilers. Se sykje se op en ferkeapje se ek wer. Dus it is ek goed saken dwaan. Dus de kombinaasje tusken goed saken dwaan en goeie spilers dy't altyd harren bêst dogge, is goed foar de klup. Se witte wat se krije."
Amin Sarr, ien fan de Sweden fan Hearrenfean © Orange Pictures
Ek de wize fan spyljen is oars yn Nederlân. Mar it is in wize fan spyljen dy't de Sweden wol leit, tinkt Allbäck. "Der wurdt spile mei in heger tempo en it is mear oanfallend ynsteld. Dus se moatte leare harren oan te passen. Mar ik tink en hoopje dat se dat wol slagget."
En om je oan te passen, hat Allbäck noch wol in tip foar de Sweedske spilers fan Hearrenfean. "Ik wit noch dat Foppe de Haan sei: 'besykje de Nederlânske taal te learen'. Dus dat wol ik de Sweedske jonges echt advisearje. En it is ek respektfol, want bist te gast yn jim lân."
Opfallend genôch is net Sweden, mar Denemarken hôfleveransier fan Hearrenfean. Mar leafst 27 Denen kamen nei Fryslân ta. Tommy Kristiansen wie yn 1984 de earste, Nicolas Madsen (no by KVC Westerlo yn België) wie ferline seizoen de lêste. Op nûmer trije stiet Noarwegen mei 12 spilers, folge troch België (11).