Noch gjin sicht op oplossing foar fuortsakke transformator Tytsjerk

De transformator dy't de grûn yn sakke is © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De 250 ton swiere transformator dy't twa wiken werom by in transport yn de boaiem fuortsakke en omfoel by Tytsjerk leit dêr noch hieltyd. In oplossing is foarearst ek noch net foar hannen, stelt Matthijs Coops fan TenneT, de eigener fan de transformator.
De ôfrûne tiid binne de rydplaten dellein sadat de perselen dy't dernjonken lizze wol te berikken binne. "Daar gaan we de komende week een permanente of semipermanente weg van maken", seit Coops.
Fierder wurdt der sjoen oft de wein dêr't de transformator op ferfierd is, fuorthelle wurde kin. "De transformator ligt in de berm. Voordat we hem verder kunnen bekijken, moet eerst de wagen weg."

Transformator moat oerein

By TenneT binne se der noch hieltyd net út wat in goede wize is om de boel fuort te heljen. Der wurdt ûnder oare tocht oan in grutte stellaazje mei heipeallen. "Het allerbelangrijkste is om de transformator recht te krijgen. Dan is dat een oplossing waar je naar kunt kijken", seit Coops.
Hoe't it no krekt misgean koe en wat de skea is, kin Coops noch neat oer sizze. "Maar het zal niet het laatste transport zijn, we zijn nog niet klaar op dit hoogspanningsstation. We hebben er nog één in bestelling die er met een jaar, twee jaar ook nog bij gaat komen. Dat vraagt nog het nodige uitzoekwerk."