It is Ynternasjonale Dei fan de Gebeartetaal: "Bij Prinsjesdag is er geen doventolk te zien"

Gebearetolk Irma Sluis yn in coronaparsekonferinsje © ANP
No't it Ynternasjonale Dei fan de Gebeartetaal is, freget gebearetolk Petra Scheepbouwer graach wat omtinken foar dizze erkende taal. "Het heeft voor iedereen voordelen als je het onder de knie hebt."
Scheepbouwer is opgroeid mei in dat suske dat min hearde. Sadwaande rekke se mei de taal bekend. Se kaam hjir noch mear oer te witten doe't se har man, dy't dôf is, kennen learde. "Je probeert eerst dingen een beetje duidelijk te maken met handen en voeten. Om me er verder in te verdiepen, ging ik een cursus Gebarentaal volgen. Toen verliep het vlot."

Prinsjesdei

De ynwenster fan Warns is wiis mei de oandacht dy't de taal yn Nederlân krijt. Foaral de coronaparsekonferinsjes hawwe dêroan bydroegen. Mar der binne noch aardich wat stappen te meitsjen, seit se. "Als je naar de uitzendingen van koningin Elizabeth of Prinsjesdag kijkt, dan is er geen doventolk te zien. Jammer."
Undertiteling kin genôch wêze, mar net foar elkenien. "Gebarentaal blijft de moedertaal voor doven en slechthorenden. Het is voor hen makkelijker te volgen dan ondertiteling. Daar komt bij dat veel oudere, dove mensen laaggeletterd zijn."

Gebeartetaal yn supermerk

It learen fan de yn 2019 offisjeel erkende taal, kin ek minsken helpe dy't goed hearre, seit Scheepbouwer. "Het heeft voor iedereen voordelen als je het onder de knie hebt", seit se. "Als je bijvoorbeeld met je partner in verschillende paden in de supermarkt staat. Je kunt elkaar dan niet verstaan, maar met gebarentaal kun je dan toch vragen of er nog melk nodig is."
Online is der in soad te finen oer gebeartetaal. En ek yn de biblioteek is der in soad ynformaasje beskikber. "Maar de beste manier om het te leren, is gewoon een cursus volgen. Dan gaat het in sneltreinvaart", beslút Scheepbouwer.