Fandalen helje bijefolken om yn Hurdegaryp: "Mensen moeten weten wat ze aanrichten"

Bijefolk yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân
Yn de folkstún yn Hurdegaryp ha fandalen trije bijekasten omlutsen. Ien folk hat it net rêden, dat bedarre yn it wetter. Ymker Pieter Vos begrypt net dat minsken soks dogge.
Vos wol it leafst net in alhiel negatyf ferhaal kwyt. Ja, hy is in folk kwyt troch fandalen, mar der binne ek in soad minsken dy't fan him leare wolle. Der komme geregeld skoalbern by him del, dy't hy lesjout oer bijen en oare ynsekten.
"Mensen zijn echt betrokken bij de natuur, ook de jongeren. Bij de meesten gaan de oren open als ze horen dat er zoveel verschillende soorten zijn. Ze zijn echt geïnteresseerd."
It makket it foar him dan ek dreech te begripen dat fandalen miene bijekasten ferniele te moatten. "Onvoorstelbaar", seit Vos. "Doodzonde voor de bijen. In één zo'n kast zitten al snel een vijftigduizend bijen."
Fandalen smite bijekasten om yn Hurdegaryp
Vos wol gjin oardiel kwyt oer de dieders. Hy wit net wa't it dien hat. "Mensen zouden moeten weten wat ze aanrichten, dat vooral. Het is zo zonde."
It barde no op de folkstún. Yn de doarpstún dêrneist ha se de ôfrûne jierren ek lêst hân fan fandalisme en oerlêst. Om't de plysje dêr faker lâns komt om te kontrolearjen, is dat minder wurden.