Wenweinbewenners Drachtsterkompenije krije duorsume wenweinen

In ympresje fan de nije, duorsume wenweinen yn Drachtsterkompenije © WoonFriesland
Der komt lang om let in oplossing foar de wenweinbewenners fan Drachtsterkompenije, dy't al jierren freegje om steanplakken. Wenningboukorporaasje WoonFriesland set nije, duorsume wenweinen del op it terrein oan de Kromme Wyk.
Wenweinbewenners ha der skoften aksje foar fierd, mar it kealle swier. Uteinlik naam de gemeente Smellingerlân fjouwer jier lyn al it beslút om it terrein yn Drachtsterkompenije der geskikt foar te meitsjen.
Wenweinbewenners Drachtsterkompenije krije duorsume wenweinen
Der wurde tolve enerzjysunige wenningen op it terrein pleatst, fertelt wurdfierder Marjan Sprenkeler fan WoonFriesland. Se binne spesjaal foar de wenningkorporaasje ûntwikkele. "We bouwen twee typen: een met twee slaapkamers en een met drie slaapkamers." Se wurde boud yn it fabryk fan Qomplex yn Dokkum.

Foar de krystdagen deryn

De wenningen krije sinnepanielen, waarmtepompen en binne gasleas. "Ze zijn ook zo gebouwd dat ze een leven lang meegaan en ook nog levensloopbestendig zijn", seit Sprenkeler. "Dat betekent dat als je wat jonger in je woning komt te wonen, dat je totdat je oud bent erin kunt blijven wonen. Dus super energiezuinig en ook duurzaam."
It is de bedoeling dat de bewenners der foar de krystdagen yn kinne, seit Sprenkeler. Yn oktober gean de bewennersried, de gemeente Smellingerlân en de bewenners oan de slach mei it meitsjen fan plannen foar de wenomjouwing.