"Fryslân moat de meast sirkulêre, gastfrije bestimming fan Europa wurde"

Merk Fryslân en Vereniging Circulair Friesland wolle fan Fryslân de meast sirkulêre, gastfrije bestimming fan Europa meitsje. Se ha dêrfoar freed in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene.
"Krekt de gastfrijheidssektor yn Fryslân is foar besikers út Nederlân en Europa dé etalaazje om de sirkulêre oplossingen yn ús regio te ûnderfinen en mei te nimmen nei hûs", seit direkteur Evert Jan van Nijen fan Vereniging Circulair Friesland.
Neffens direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân kinne beide partijen inoar op it mêd fan duorsum toerisme fersterkje troch gear te wurkjen. "Mei-inoar ynspirearje we de ûndernimmer en berikke we de konsumint yn it ferduorsumjen en sirkulêr meitsjen fan de sektor yn Fryslân."
Duorsume fakânsjeferbliuwen en boaten
De beide organisaasjes wolle ûndernimmers stypje, sadat dy bygelyks duorsume fakânsjeferbliuwen en boaten oan toeristen ferhiere kinne. Tagelyk wolle se de fraach dêrnei stimulearje troch der mear sichtberens oan te jaan rjochting de konsumint.
Neffens duorsumensambassadeur Karina Pool fan Merk Fryslân rint ús provinsje foarop mei duorsumens. "Ik durf wel te stellen dat wij als Fryslân daar echt een koploper in zijn, omdat er nu al zoveel gebeurt. Wij worden ook in verschillende stukken en gesprekken aangehaald als een provincie die nu al een soort van voorbeeldfunctie heeft."
De ambysje is dat Fryslân yn 2025 de meast sirkulêre regio fan Europa is. Yn in sirkulêre ekonomy is der gjin ôffal mear en wurde grûnstoffen hieltyd op 'e nij brûkt.