Resinsje Liwwadder Bieroproer: In moard foar bier

Henk te Biesebeek beskôget Liwwadder Bieroproer © Omrop Fryslân
It Liwwadder Bieroproer is in hearlik spektakelstik wurden yn in sfearfol dekôr. En it treflike koar twingt bewûndering ôf. Al wurdt it boadskip achter it ferhaal der wol ûndubelsinnich ynramd by de taskôger: koop lokaal!
Hast wie it Liwwadder Bieroproer as iepenloftspektakel oan it Ljouwerter publyk foarbygien. Al sûnt 2017 besiket Tom Sandijck om dit stikje turbulinte histoarje yn in teäterproduksje nei de Fryske haadstêd werom te bringen. Nei in oarspronklik idee fan Joop Mulder en Tom Eijer.
Mei troch corona en it hege kosteplaatsje fan sa'n grutskalige produksje, heakke de iene nei de oare teäterprodusint ôf. Oant Pieter Stellingwerf en Kees Botman fan Buog (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) de útdaging wol oandoarden. Nettsjinsteande alle finansjele en praktyske beheiningen, setten sy troch. Mei sukses!
Inez Timmer as Doeth Dekema © Ilva Stoelwinder
Want wat in hearlik skouspul midden yn it sintrum fan Ljouwert is de foarstelling wurden. Yn in sfearfol útljochte dekôr op de histoaryske bierkaaien ûnder de winkelgevels oan Over de Kelders. Moai.
Dat plak is fansels net samar keazen. It Liwwadder Bieroproer giet werom nei 1487. Hoewol't de Ljouwerter autoriteiten bepaald hiene dat doe allinnich lokaal broud bier skonken wurde mocht, slagge it twa manlju fan bûten de stêd, saneamde Skieringers, om dochs in gleske bier fan de kastelein te krijen, dat dy út Haarlem wei 'ymportearre' hie.

Moard

It Ljouwerter biergilde kaam dêrachter en organisearre in opstân mei eigen folk, better bekend as Fetkeapers. Fjochtpartijen mei moard en deaslach wiene it gefolch. It hert fan Ljouwert as haadstêd foargoed skansearre.
Tiede Ellens as professor Crudepenninx © Ilva Stoelwinder
Buog hat yn har bewurking bewust in link lizze wollen fan it ferline nei hjoed-de-dei. De Fetkeapers - it Ljouwerter biergilde - stean foar de hjoeddeiske lokale ûndernimmers. Sy sjogge har omset bedrige troch de opkomst fan online-ferkeap.
Dêrmei stean de Skieringers as foarstanners fan it 'ymportbier' automatysk symboal foar de tanimmende populariteit fan de webwinkels. De deastek foar de lokale middenstân.

Ynramd

Dat boadskip is dúdlik. Mar it wurdt der wol hiel eksplisyt by de taskôgers hast ynramd. Dat begjint al foar de foarstelling, as it publyk op ferskate winkellokaasjes yn it sintrum yn in fideoboadskip it leksum opsein krije troch boargemaster Buma himsels. "Heb hart voor Leeuwarden. Behoud de stad. Koop lokaal!" Dúdlik dus.
Sarah Dekker as Aukje Scenkele © Henk te Biesebeek
Knap hoe't de hiele foarstelling troch doe en no mei-inoar ferweve binne en bliuwe. Somtiden net iens alhiel neffens it skript. Wylst fan de iene kant bygelyks de spilers yn histoaryske kostúms opkomme, ferskine út in Eritreesk restaurant in pear kleurrike gasten yn it toanielbyld. Mei in modern drankje achteleas yn de hân, litte sy sa ûnbewust it ferline yn de notiid oerrinne. En oarsom. Fermaaklik.

Liwwadden

Dy link tusken doe en no hawwe de makkers wól bewust kreëarje wollen mei it opfieren fan in wiere talkshow. Hearlik om te sjen hoe't Janneke Brakels as anchorlady foar de minsken 'thús' tsjutting jout oan it tumult dat him yn it sintrum fan de stêd ôfspilet.
Enervearjend ek hoe't oerskeakele wurdt út de studio wei nei de geweldskonflikten op strjitte. Dêr't prachtich de link by lein wurdt mei de hjoeddeiske demonstraasje. Njonken reekbommen en fernielerij is der ek oandacht foar demonstranten dy't de media fake news ferwite. Wol in bytsje apart oars hoe't hieltyd sprutsen wurdt oer it Liwwadder Bieroproer, mei twa w's skreaun, wylst de talkshow konsekwint as Live Liwadden ôfbylde wurdt. Mei ien w. Hawar.
It folk komt yn opstân © Ilva Stoelwinder
Slimmer is it feit dat krekt dizze twirjende talkshow-fragminten, dy't eins foar in flotte ferbining fan de sênes soargje moatte, krekt in tsjinoersteld effekt hawwe. Troch wat tefolle haperingen en 'aarzel'-mominten stûket it ferhaal. Spilers witte no en dan net wat se dwaan moatte. Wachtsje op mekoar. Spitich.

Betiizjend

En wat is dat dochs mei al dy dûbeldrollen dy't hieltyd faker yn iepenloftspullen foarkomme. Sa spilet Jan Willem Hofma bygelyks net allinnich de rol fan Fetkeaper Olderman Aukama, mar ek dy fan syn tsjinstanner Worp Juckema. De lieder fan it leger fan achttûzen Skieringers, dy't de oanfal op de stêd ynsette sil. Ek al spilet Hofma beide karakters like oertsjûgjend, foar de oplettende taskôger bliuwt it dochs betiizjend.
Rowan Vis as Fedde Scipmans © Ilva Stoelwinder
En it publyk moat it kopke der dochs al sa byhâlde. Lokkich wurdt it hiele ferhaal mei swier en humor foar it fuotljocht brocht. Dan is it hast moai meinommen dat de ynhâld oer it generaal wat lichtfuottich en oan de oerflakkige kant bliuwt.
Neidiel dêrfan is wer dat de karakters nearne echt ferdjipping krije. In útsûndering wat dat oanbelanget is Inez Timmer, dy't Doeth Dekema, de mem fan de boargemaster spilet. Net allinnich as alwittende ferteller, mar benammen as sjongeres is sy sûnder mis de dragende faktor fan de foarstelling.

Net tefreden

In komplemint dêrby foar it treflike koar ûnder lieding fan Vronie de Vreeze en Roaitske Slofstra. Benammen op de mominten as it aktearjen, it sjongen en de muzyk bymekoar komme, wurdt de foarstelling eefkes boppe himsels úttild. Yndrukwekkend!
Kees Botman toande himsels nei ôfrin fan de foarstelling noch net hielendal tefreden: "Er moet nog veel gebeuren". Dêr hat er gelyk oan. Mar de potinsje is oanwêzich. En de groei sit deryn! Dat kin de kommende foarstellingen allinnich mar better wurde.