Takomst farferbining It Amelân: "Ferbetterje besteand trajekt it meast logysk"

It optimalisearjen fan de besteande farferbining tusken Holwert en de fearhaven fan Nes op It Amelân is de meast logyske opsje foar de takomst. Dat tinkt boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân.
Sa'n hûndert minsken kamen tongersdeitejûn byinoar yn moetingssintrum Ons Hol yn Hollum. Rykswettersteat organisearre dêr in ynformaasjegearkomste oer de takomstige berikberens fan it eilân, fan 2030 oant rûchwei 2100.
Optimalisearje of ferpleatse
Om dy berikberens foar de kommende desennia feilich te stellen, moat de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat takom jier in kar meitsje. De hjoeddeiske ferbining tusken Holwert en Nes moat optimalisearre wurde of ien, of beide, fearhavens moatte ferpleatst wurde, bygelyks dy fan Holwert nei Ferwert.
Takomst farferbining It Amelân
Mooglike ferpleatsing fan de feardaam fan Holwert nei Ferwert soe betsjutte kinne dat der minder baggere wurde hoecht. Beswieren tsjin dat plan binne de hege kosten fan de oanlis, en de negative ynfloed op it fûgelrike kweldergebiet boppe Ferwert.
"Niet veel voordelen verplaatsing"
"Wij denken dat het goed zou zijn als Nes de aanlandingsplaats blijft, anders moet de hele infrastructuur op het eiland op de kop", neffens boargemaster Stoel. "Zoals ik het nu zie, qua financiën en natuur, dan levert ook een eventuele verplaatsing van Holwerd naar Ferwert uiteindelijk niet veel voordelen op."

Oft de kar op optimalisaasje fan de besteande ferbining falle sil, bliuwt de kommende moannen noch de fraach. Programmamanager Wilmar Stigter fan Rykswettersteat spruts him net dúdlik út oer in foarkarsfariant. "We gaan in de tweede fase van het project nog een keer goed naar alle oplossingen kijken."
Wilmar Stigter fan Rykswettersteat
Dat der wat oan de farferbining dien wurde moat, is wol dúdlik. Jierliks moat yn opdracht fan Rykswettersteat sa'n 1,8 miljoen kúb sân en slyk baggere wurde, om't de fargeul tichtsliket. Dat is omrekkene sa'n trije kúb de passazjier. It baggerjen kostet in protte jild, mar hat ek ynfloed op de natuer. By leech wetter ha de fearboten hieltyd faker fertraging, of falle sels ôffearten út.
"Onze snelweg"
"Dat is in de toekomst absoluut onwenselijk", seit boargemaster Stoel. "Het is onze snelweg naar de rest van de wereld. Ook wij moeten vanaf het eiland op tijd op onze afspraak op de vaste wal kunnen zijn. Daar is de vaarverbinding cruciaal voor."
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân
It ûndersyk hat oan no ta trettjin alternative farferbiningen opsmiten. Guon dêrfan sille de kommende tiid noch feroare en oanskerpe wurde, neffens Rykswettersteat. De farferbining nei It Amelân moat yn alle gefallen duorsum, betrouber en realistysk wêze.
Takom jier dúdlikheid
De kommende moannen moat it ûndersyk ôfrûne wurde. It is de bedoeling dat de minister takom jier in kar makket út de ferskillende opsjes.