Friezen helpe mei oan de weropbou fan Oekraïne: 'In soad ymprovisearje'

Fernield flatgebou yn Oekraïne © RTV NOF, Esther Leystra
In groep Friezen helpt op dit stuit mei oan reparaasjes fan wat stikken gien is troch de oarloch yn Oekraïne. En dat wylst de hiele wrâld nei Ruslân sjocht fanwege de parsjele mobilisaasje dy't yn dat lân fan krêft is.
De Friezen sitte yn Irpin, westlik fan Kiev. It is dêr no relatyf rêstich. Se fernimme net folle fan it oarlochsgeweld. It wie foar harren wol efkes skrikken doe't it testalarm ôfgie, mar dat is alles.
Se binne no twa dagen oan it wurk yn Irpin. It is in soad ymprovisearjen en materiaal byinoar fandeljen, fertelt Richard Vennema. Se reparearje in fernield dak en bouwe houten húskes ('mobile homes') sadat de troffen bewenners in dak boppe de holle hawwe, ek as it kâlder wurdt.
Friezen helpe mei oan de weropbou fan Oekraïne
Richard Vennema helpt in man waans hûs troch trije Russyke bommen platsmiten is. De famylje moat oar plak hawwe. De muorren fan it hûs binne swartbaarnd en ynstoart. De bewenner hat sels it izerwurk en de húskepot derút helle. De brûkbere dingen stean bûtendoar opsteld. "Het is hier één grote bende", seit Vennema.

Tiny house

In oare Fryske frijwilliger, Johannes de Boer, is hast klear mei it 'tiny house' dat er bout. Allinnich de dakplaten moatte der noch op.
It húske is 6 by 3 meter grut en 3 meter heech. It dak rint skean ôf, sadat de snie der winterdeis ôf skowe kin. It húske is grut genôch foar twa persoanen om te oerwinterjen.

Hannen út de mouwen stekke

De Boer is hjir omdat dit syn kâns is om de hannen út de mouwen te stekken, sa fertelt er. Sa kin er konkreet helpe yn plak fan op ôfstân te bidden en jild te donearjen.
No't se de troffen Oekraïners moete hawwe, hawwe de frijwilligers út Fryslân dêr ek in gefoel by. Dan makket it noch mear yndruk en is it noch tankberder wurk.