Wettersuveringsprojekt Snits krijt mooglik ferfolch yn nijbouwyk Spoordok yn Ljouwert

Waterschoon, in projekt mei in sletten wettersuveringssysteem yn Snits krijt nei alle gedachten op gruttere skaal in ferfolch yn Ljouwert. It giet dan om nije hûzen en apparteminten yn it noch te bouwen Spoordokgebiet.
Ek it nije Cambuurstadion is kandidaat foar it systeem. Dat seit Cees Buisman, direkteur fan wetterûndersyksynstitút Wetsus. De plannen binne noch yn it betiid stadium, mar Ljouwert is der serieus yn ynteressearre, fertelt Buisman.
Wetsus
Yn Snits binne goed twahûndert sosjale hierhûzen op it systeem oansletten. De suveringsynstallaasje is troch Wetsus betocht en stiet sûnt 2008 yn de wyk Noorderhoek yn Snits.
Earst wienen allinnich twa gebouwen mei apparteminten derop oansletten. De sosjale hierhûzen binne der yn de jierren dêrnei, nei sloop en nijbou, yn fazen op oansletten.
Waterschoon projekt yn Snits moat ferfolch krije

Hast neat fan it ôffalwetter fan de bewenners giet dêr ferlern. De suveringsynstallaasje wurket mei twa streamen. De earste is it wetter út it hûske mei de poep en it pis, en grienôffal út de keuken dat troch in fermealler giet yn de goatstien. De twadde stream is al it oare wetter, sa as dat út de keuken, de dûs en alle masines.
It ôffalwetter wurdt opfongen yn in sletten systeem en ferwurke yn de lokale wettersuveringsynstallaasje dêr't der allegearre nuttige stoffen út werom wûn wurde sa as biogas, waarmte en dongkerrels. Foar it wetter dat hast de kwaliteit fan drinkwetter hat, wurdt noch sjoen hoe't it it bêste brûkt wurde kin.
Efkes wenne
De bewenners yn Snits hawwe allegearre in grienôffalfermealler yn de keuken en in fakuüm húske. Yn de mealler wurdt alle griente en fruitôffal fermeald en yn it systeem brocht. Dat jildt ek foar it húske, dat mar ien liter wetter brûkt by it trochspielen.
Foar de bewenners wie it wol even wennen. It lûd fan de wc is oars as gewoan en ek de mealler yn de keuken makket wol leven. Mar dat went wol, seit Monique Agricola, dy't wurket by DeSah, de behearder fan de suveringsynstallaasje. It systeem hat grutte potinsje, seit Agricola. Mear as 90 persint fan it wetter wurdt werom wûn.
Ynfiering giet net fluch
Yn Nederlân giet de ynfiering noch net sa fluch. Neffens Buisman hat dat der mei te krijen dat der hjir altyd genôch skjin wetter en gas wie. Boppedat moatte alle belutsen partijen yn sa'n projekt, sa as It Wetterskip, de gemeente, de provinsje, it Ryk, de ynstallateurs en de bouwers it mei inoar iens wêze.
Yn it Sweedske Helsingborg draait al in projekt foar 3.200 minsken. Dat projekt hat in oansprekkende ynternasjonale wetterpriis wûn. Yn Nieuwegein bestean fiergeande plannen foar in nijbouwyk mei sa'n 2.000 hûzen. In projekt yn Amsterdam is mislearre. En it liket der no op dat Ljouwert dizze wize fan wettersuvering oppakke sil.
Systeem fan de takomst
Buisman sjocht nei jierren fan oanrinproblemen no in goeie takomst foar dizze foarm fan wettersuvering. Neffens him soe der, sjoen de miljeuproblemen en it tekoart oan skjin wetter, skjinne enerzjy en nutriïnten (fiedingsstoffen) foar de boaiem en de planten, net in nij hûs mear boud wurde moatte sûnder sa'n systeem.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Monique Agricola en Cees Buisman