Marrit Jasper hopet op mear spyltiid op it WK yn eigen lân

Marrit Jasper © Orange Pictures
It is noch mar de fraach oft se in soad spilet, mar mei har 165 ynterlâns is Marrit Jasper yntusken ien fan de follybalsters mei in soad ûnderfining. Freed begjin it WK dat foar it earst yn de skiednis yn eigen lân spile wurdt.
Nederlân trapet ôf yn it Gelredome yn Arnhem tsjin Kenia. Snein treft Oranje Kameroen en dan sitte der ek sa'n njoggentich Snitsers op de tribune. Der rydt in bus út Snits wei nei Arnhem.
Jasper: "Ja, superleuk. Ze zijn er al een tijdje mee bezig. Ik vind het echt leuk dat mijn oude club moeite doet om daar een bus naar toe te sturen. Super."
Marrit Jasper oer it oankommende WK
Oft de fans Marrit Jasper yn aksje sjogge, is noch mar de fraach. In pear punten sil se grif meidwaan, mar Jasper sels ferwachtet net dat se in hiel soad spyltiid krijt. Dy kâns achtet se net grut.
"Ik denk wel iets kleiner dan voor sommige anderen in het team. Rondjes achterin zal er sowieso wel van gaan komen. Dat is toch het standaardrondje dat ik vaak maak. Iedere wedstrijd meestal. Daar ga ik wel vanuit. Als het meer is, is dat meegenomen."
Mar wêr basearret se dat op? "Omdat dat iets is, wat nu eigenlijk al zes zomers gebeurt. Dat vind ik erg jammer, maar het is zoals het is. Bij oefenwedstrijden speel ik wel iets meer, maar alleen omdat dat nergens over gaat."

Bûnscoach fol fjoer

Dochs is bûnscoach Avital Selinger tige entûsjast oer Jasper. "Marrit is een speelster die hard werkt. Het is een ongelooflijk stabiele passer en een goede verdediger. Aanvallend speelt ze heel gevarieerd en kan ze op snelheid de tegenstander verrassen. Het is een speelster die niet veel zegt, maar heel veel doet. En áls ze wat zegt, kun je er maar beter naar luisteren. Want het doet er altijd toe. Een ongelooflijke speelster om mee te werken. Ze speelt met haar hart."
En hy giet mar troch. "Onderschat haar rol in zo'n jong team niet. Ze wordt gerespecteerd in het team en dat is heel belangrijk want daarmee kan ze de rest beter maken."
Mar as de fraach komt oft se by de earste seis sit, is Selinger minder posityf. "Nee, dat zit ze niet."
Selinger tinkt wol dat Jasper in belangrike rol spylje kin. "Haar rol kan variëren. Ze is passer/loper, dat is haar voornaamste taak. Maar ik kan haar ook gebruiken om een aantal keer iemand achterin af te lossen voor de verdedigende en passende rol. Verder kan ik gebruik maken van haar serve, want die is heel goed. En ze brengt energie in het team."
Wit Selinger dan ek hoefolle oft se spylje sil? "Wanneer ze nodig is."
Marrit Jasper by de oefenwedstriid fan 19 maaie tsjin Frankryk © Orange Pictures
It WK wurdt spile yn Poalen en Nederlân. It Nederlânske team sil alle wedstriden yn eigen lân spylje. Oranje begjint yn it Gelredome yn Arnhem. As Nederlân trochgiet nei de folgjende ronde, wurde der fjouwer wedstriden yn Ahoy (Rotterdam) spile. De kwartfinale, heale finale en finale binne dan yn Apeldoorn.
"Het wordt echt een groot toernooi. Ze zijn al een aantal jaren bezig om dit toernooi te promoten. Je denkt eerst: Het is pas over een paar jaar, maar nu komt het wel heel dichtbij. Het voelt nu wel alsof het echt gaat beginnen."
Spanning is der, mar senuweftich is se net. "Het is vooral gezonde spanning. Het is zeker anders, want m'n familie en vrienden zitten vaak op de tribune."

Sûnder suske Hester

Marrit har sus, Hester Jasper, is dizze kear net opnaam yn de seleksje. Dochs komt se wol efkes del. "Ja, zondag komt ze. Ze wil toch even de sfeer meemaken van het WK in eigen land."
Bûnscoach Selinger is frij dúdlik oer it net opnimmen fan Hester Jasper yn de Oranjeseleksje. "Ik kies voor lengte en kracht. De mensen die ik nu heb geselecteerd voldoen daaraan. We nemen al vijf buitenaanvalsters mee en daar zit Hester Jasper niet bij."
Nei de pûlfaze gean de earste fjouwer troch nei de folgjende ronde. Dy tuskenronde is wer in pûl. De punten dy't Nederlân pakt tsjin de earste fjouwer út de earste pûl, gean mei nei dy tuskenrondepûl.
Nederlân spilet dan noch fjouwer wedstriden, tsjin de earste fjouwer fan in oare pûl. Fan dy tuskenrondepûl gean de earste fjouwer troch nei de kwartfinale.
Nederlân is de nûmer tsien fan de wrâld. Yn de pûl stiet allinnich Italië (3e) heger oanskreaun. België (12e) en Puerto Rico (18e) binne serieuze konkurrinten, mar fan de earste twa tsjinstanners, Kenia (30e) en Kameroen (25e) moat wûn wurde kinne.
Nei dizze simmer en nei it WK spilet Marrit Jasper net mear yn Italië, mar yn Frankryk. Dan sil se spylje foar Neptunes de Nantes. Al hat se noch net ien kear yn Nantes west.
"Nee, want daar heb ik deze zomer door het Nederlands team nog geen tijd voor gehad. Dus dat wordt straks ook een verrassing. Na de zomer ga ik er naartoe."
Hoe't se by Nantes kaam is, is eins hiel simpel. "Het komt gewoon op je pad. Ik ga er gewoon open in. Ik denk dan: het seizoen is klaar, wat komen er nu voor aanbiedingen? En dat was Nantes in dit geval. Ander land, andere competitie, dat maakt het juist leuk."

Kampioenskip fan Frankryk

Jasper gong fia Suhl, Dresden en Aachen nei Italie. Dêr spile se yn Brescia en Cuneo. No giet se wol nei in krekt wat mindere kompetysje. "Italië is wel echt de beste competitie van de wereld. Turkije is ook sterk, maar als je beide competities met elkaar vergelijkt, is Italië in de breedte sterker."
Dochs hopet se yn Frankryk om de boppeste plakken mei te dwaan. "Nantes draait boven in de competitie mee. Het is volgens mij dit seizoen wel de bedoeling dat we meedraaien om te titel. Dus ik ben erg benieuwd."