Centerrr-supermerken yn Aldeboarn en Toppenhuzen moatte doarren slute: "Grote klap"

De Centerrr yn Aldeboarn © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
De supermerken fan Centerrr yn Aldeboarn en Toppenhuzen slute fan 1 oktober ôf de doarren. It bedriuw hat net genôch jild mear om dy doarpswinkels oerein te hâlden.
Ek de winkels yn it Utrechtse Nigtevecht en yn it Oeriselske Kuinre moatte ticht. De winkels fan Centerrr yn Wurdum en yn it Ljouwerter wen- soarchsintrum Greunshiem bliuwe wol iepen.
Supermerk yn Aldeboarn giet ticht: "Hele grote klap"
Direkteur Tom Baaij fan Centerrr lit witte dat de supermerken slachtoffer wurden binne fan de hegere prizen. "Het is heel, heel spijtig", seit Baaij.
By de winkels wurken benammen minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Dy binne no harren plak yn Toppenhuzen en Aldeboarn kwyt. "Het gaat me voor hen vooral aan het hart. Dat wil je die mensen niet aandoen. Het doet ons veel", seit Baaij.

'Grote klap'

De begelieder en winkelassistint fan de Centerrr yn Aldeboarn, Rohit Fleur, skrok bot fan it nijs, dat se earder dizze moanne te hearren krigen.
"Onverwacht", seit Fleur, dy't it benammen slim fynt foar syn kliïnten. "Een hele grote klap, sommigen zitten er ook helemaal doorheen, Anderen pakken de draad wel weer op. Sommigen werken hier al veertien jaar."
De kliïnten komme lykwols net sûnder wurk te sitten, want se kinne fan 1 oktober ôf telâne yn it filiaal yn Wurdum. De oare wurknimmers moatte wol op syk nei in oare baan.

'Wat bliuwt der dan noch oer?'

Mei it ferdwinen fan de winkels ferdwine ek it PostNL-punt en de pinautomaat. "Het is een hele triest eigenlijk", seit ien fan de fêste klanten yn Aldeboarn. "Wel een beetje onze eigen schuld ook, omdat we voor grotere en duurdere boodschappen naar andere zaken gingen."
In froulike krant reagearret ek teloarsteld op it nijs: "Het wordt ook een doods dorp, als dit ook nog verdwijnt. Er is al zoveel weg. Wat blijft er dan nog over?"
Baaij lit witte dat er meihelpe wol om te sjen oft der yn Aldeboarn en Toppenhuzen in opfolger fûn wurde kin foar Centerrr.