'Protestboek' mei boereportretten foar deputearre Fokkinga

Sjoukje van Warmerdam mei har boek © Omrop Fryslân
Fotografe Sjoukje van Warmerdam presintearret freed in nij agrarysk fotoboek oan deputearre Fokkinga fan lânbou. Yn it kofjetafelboek steane fyftich portretten en ferhalen fan Fryske boerehúshâldings.
Van Warmerdam kaam op it idee fan har fotoboek doe't se de boere-aksjes seach. Se woe wat dwaan om it boadskip fan de boeren oan de polityk oer te bringen, mar dan wol op in wize dy't har goed lei. Se is fotograaf, mar ek melkfeehâlder, en dus wie de kar al gau makke: in protestboek.
"Ut eigen ûnderfining wit ik dat in soad minsken, ek dy út in doarp, noch nea of net al te faak op in boerebedriuw west hawwe. En dus mar in bytsje witte fan de itensfoarsjenning." It boek kin dizze minsken mear fertelle oer de gong fan saken op in boerebedriuw, en ek oer de soargen dy't der binne.

Nije generaasje

Mei it boek wol Van Warmerdam de minsken efter de produkten sjen litte. Wa binne dochs dy boerehúshâldingen dêr't it no al in tal jier oer giet yn de polityk? De ôfrûne wiken hat se by al dizze minsken oer de flier west, om se fêst te lizzen op de gefoelige plaat, mar ek om de ferhalen oan te hearren.
In jonkje besjocht it nije fotoboek op de Agraryske Skou © Omrop Fryslân
De klam yn it boek leit op de takomst, en dus op de nije generaasje. By in soad fan de húshâldings binne soargen oer dizze nije generaasje. Graach soene se yn de takomst harren boerebedriuw oerdrage oan de bern, mar de fraach oft dat noch kin wurdt hieltyd grutter. Om dit byld dúdlik oer te bringen hat Van Warmerdam benammen foto's mei bern en kealtsjes makke.

Publike belangstelling

It publyk koe tongersdei op de Agraryske Skou op De Jouwer foar it earst it boek besjen. Yn ien fan de kreamkes lei it boek ûnder grutte belangstelling op besjen. In soad minsken woene har eigen portret yn it boek graach sjen, en oaren hiene fan de aksje heard op Facebook. It libbet yn de sektor, dat is al gau dúdlik op de beurs.
Freed is de beurt oan deputearre Fokkinga om it boek te besjen. Van Warmerdam krijt dan ek noch in momint om mei de deputearre sels te praten, om har boadskip krêft by te setten.