Doelman Andries Noppert op de tribune tsjin Poalen

Noppert op de training © Orange Pictures
Doelman Andries Noppert fan De Jouwer makket tongersdeitejûn net syn debút foar Oranje. De keeper fan sc Hearrenfean falt bûten de seleksje fan it Nederlânsk qlvetal foar de útwedstriid tsjin Poalen yn de Nations League.
Noppert moat op de tribune sitte en kin dus ek net ynfalle. Dat hat bûnscoach Louis van Gaal bekendmakke. De oare doelmannen, Jasper Cillessen, Mark Flekken en Remko Pasveer, sitte wol by de seleksje.

Konkurrint minder

Yn de wedstriidseleksje is mar plak foar 23 spilers ,wylst Louis van Gaal der 24 oproppen hat. Noppert hat wol in konkurrint minder yn de race foar in plakje yn de WK-seleksje.
Doelman Tim Krul woe net komme foar in oefensesje mei strafskoppen. Neffens Van Gaal kin hy dêrtroch ek in seleksje foar it WK yn Katar ferjitte. De oare konkurrinten fan Noppert, Kjell Scherpen fan Vitesse en Justin Bijlow fan Feyenoord, kamen wol nei it trainingskamp yn Zeist.
Oranje begjint as koprinner fan groep 4 fan de A-divyzje oan it duel mei Poalen.