Bedriuwslibben makket mei 26 miljoen finansiering slûs Koarnwertersân rûn

De slûzen by Koarnwertersân © Shutterstock.com (Steve Photography)
De finansiering fan de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân is rûn. It bedriuwslibben dat fan de ferbreding profitearret, hat it lêste finansjele gat tichte. It giet om goed 26 miljoen euro.
Der moatte noch in pear puntsjes op de i set wurde, benammen juridysk, sa seit Gert Schouwstra fan AA-planadvies. Hy is belutsen by it meitsjen fan de ôfspraken.
Schouwstra seit dat it om juridysk drege dokuminten giet en dat de belutsen bedriuwen der goed op studearje moatte. Nieuwsblad Transport, dat it ferhaal as earste brocht, organisearret yn novimber in kongres dêr't alle hantekeningen set wurde.
De finansiering foar de ferbreding fan de slûs fan Koarnwertersân is sa goed as rûn
Dat is ek needsaaklik om't op 21 desimber yn de steategearkomste in beslút nommen wurdt oer de provinsjale bydrage. It giet dan ûnder oare om it iepenjen fan in saneamd 'lienfûns' dêr't de bedriuwen dan ûnôfhinklik jild yn stoarte kinne, oant de goed 26 miljoen werombetelle is.
Oer dizze bydrage hat lang diskusje west. De eardere minister fan Ferkear en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen woe dat it bedriuwslibben frijwillich in bydrage die. Dêr wie in soad krityk op. Benammen om't bedriuwen dy't net meibetelje dochs profitearje.
Der waard dêrom frege om in tolwet yn te stellen foar de slûs. Eltsenien dy't der dan gebrûk fan makket, betellet yn dat gefal mei. De Twadde Keamer stimde lykwols net yn mei dat foarstel.
Slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Mei-inoar kostet de folsleine oanpak fan it slûzekompleks by Koarnwertersân goed 200 miljoen euro. It giet dan ek om de fernijing fan de brêgen en it útdjipjen fan de soalen nei de havens fan ûnder oare Makkum en Lelystad.
It Ryk draacht 111 miljoen euro by, de provinsjes Fryslân, Flevolân, Oerisel en belutsen gemeenten steane garant foar goed 60 miljoen. It bedriuwslibben leveret 26,5 miljoen euro. Yn 2028 moat it projekt klear wêze.

"Aantonen dat het geld er is"

Deputearre Avine Fokkens seit bliid te wêzen dat it bedriuwslibben no sa fier is. Se hat wol in foarbehâld: "Het bedrijfsleven moet echt kunnen aantonen dat het geld er is. De Staten moeten dan akkoord geven." Njonken it lienfûns betellet de provinsje 19,5 miljoen euro mei oan de oanpak fan it kompleks.