Dick Witte, skriuwer fan it boek 'Gais', ferstoarn

Dick Witte mei Gais Meinsma yn 2014 © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De skriuwer fan it boek oer Gais Meinsma út Jorwert, Dick Witte, is yn de âldens fan 71 jier ferstoarn yn it sikehûs fan Eindhoven nei in hertoperaasje. Yn 2014 ferskynde syn boek oer it libben fan de markante, wize frou út Jorwert.
Dick Witte waard berne yn Dordrecht. As studint gie er nei Amsterdam en yn 1975 ferhuze hy nei Fryslân. Dêr waard hy maatskipplik wurker by de gesinssoarch. Yn dy tiid learde hy Gais Meinsma kennen. Nei syn pensjoen begûn er mei it skriuwen fan boeken. It boek 'Gais' betsjutte syn trochbraak as skriuwer.