Wolf ferantwurdlik foar op syn minst trije skeagefallen yn Fryslân tusken maaie en augustus

In wolf © ANP
Der binne alve meldingen fan wolveskea yn Fryslân meld yn de perioade 1 maaie - 31 july 2022, dat meldt faunaburo BIJ12. Fan trije gefallen stiet fêst dat de skea feroarsake is troch in wolf. Mooglik is in wolf ek ferantwurdlik foar de dea fan in ponny by Aldhoarne.
In DNA-analyze joech oant twa kear ta gjin resultaat. Oan de hân fan in fjildbesite en it skeabyld konkludearret BIJ12 dat it net út te sluten is dat in wolf de oanfal útfierd hat.
Yn guon oare gefallen waard dúdlik dat de wolf net de feroarsaker fan de skea wie: likegoed in hûn as in foks wienen twa kear de dieder. Fan trije gefallen is wol wis dat it om skea troch in wolf giet. Fan de oare gefallen joech in DNA-analyze gjin dúdlik resultaat of wie it bist dat de skea feroarsake net te efterheljen.

Earste ridel yn it noarden

Yn totaal binne der dit jier 16 wolvepearen berne yn Nederlân. Dit betsjut dat der fjouwer ridels yn Nederlân binne. Neffens BIJ12 is der ek foar it earst ien yn it noarden fan it lân. It giet om it wolvepear mei de koadenammen GW2397m en GW2090f en op syn minst trije jongen. It is foar it earst dat der wolvewelpen sinjalearre binne yn Fryslân.
It tal welpen is fêststeld op basis fan foto's en wyldkamerabylden. BIJ12 meldt dat it echte tal wolvewelpen mooglik noch heger leit.