Roeiers Jan van der Bij en Ymkje Clevering nei WK-finale

Ymkje Clevering (rjochts) foarige moanne op it EK © ANP
De beide Fryske roeiers op it wrâldkampioenskip hawwe harren pleatst foar de finales op sneon. Ymkje Clevering die dat yn de twa-sûnder-stjoerfrou en Jan van der Bij yn de dûbeldfjouwer.
Clevering roeide tegearre mei Veronique Meester yn harren heale finale lang foaroan. Elts mjitpunt, om de 500 meter, groeide de foarsprong op konkurrint Roemenië yn it Tsjechyske Racice, dêr't it WK organisearre wurdt.
Mar Clevering en Meester hiene gjin antwurd op de machtige einsprint fan de Roemenen. Dêrtroch einige de Haulerwykse mei Meester yn 7.12,75 as twadde efter it Roemeenske twatal, dat yn 7.11,04 finishte.
De earste trije út de beide heale finales gean troch nei de A-finale fan oankommende sneon. Yn de oare heale finale wûn Nij-Seelân yn 7.11,02.

Frouljus acht

It is net it iennige ûnderdiel wêrop't Clevering de finale helle hat. Snein roeit se mei de frouljus acht ek om de medaljes. Trochdat der mar seis lannen meidogge, is elkenien wis fan de finale.
Jan van der Bij efter yn de dûbeldfjouwer © Omrop Fryslân
Ek Jan van der Bij helle tongersdei de finales, al wie dat wol mei minder oertsjûging as Clevering en Meester. Yn de dûbeldjouwer waard Van der Bij mei Finn Florijn, Stef Broenink en Simon van Dorp tredde yn de heale finale.
Al betiid moasten de Nederlânske manlju in gat litte mei de nûmers ien en twa, Poalen en Roemenië. Dêrefter stried Frankryk mei Nederlân om it tredde plak, wat ek noch rjocht joech op in plak yn de A-finale.
Troch in einsprintsje koene Van der Bij-en-dy Frankryk úteinlik maklik efter harren hâlde en kamen se noch wat yn de buert fan de nûmers ien en twa. Uteinlik finishste Nederlân yn 5.51,13. Dat wie hast trije sekonden stadiger as Poalen en in goeie sekonde stadiger as Roemenië.
De oare heale finale waard wûn troch Italië yn 5.53,52. Sneontemiddei is de finale fan de dûbeldfjouwer.